e-books Fries

 | 

Literaire non-fictie

 | 

Biografieën literaire auteurs







Sa'n tuzen blauwe skriften

Sa'n tuzen blauwe skriften




Doeke Sijens

Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. Ferneamd om syn wurk, bleau syn persoanlik libben oant no ta fierhinne ûnbekend. De biograaf hat tagong krigen ta famyljedokuminten en petearen hân mei Brolsma syn dochter, syn pakesizzers en oare famylje en kunde. Sa is in boek ûntstien dat in rykdom oan ynformaasje jout oer Brolsma syn libben en wurk. De skriuwer waard berne te Stiens en swalke as ferversfeint hiel Fryslân troch, ear't er ferversbaas waard, earst yn Lichtaard en letter yn Akkrum. Dêrnei slagge er yn Ljouwert oan wurk, wylst er syn liddige oeren wol sa'n tûzen blauwe skriften folskeau. Omtrint yn alle Fryske tydskriften wie wurk fan syn hân te finen. Net earder as yn 1936 koe er de kwaste dellizze en waard er sjoernalist. Benammen troch syn rubriken yn de Hepkema-kranten wie er de meastlêzen skriuwer fan syn tiid. Troch syn skriuwerskip moast er yn 'e oarloch kieze. Hy sleat him oan by de Fryske Rie en oanfurdige de Harmen-Sytstrapriis út hannen fan de besetters. Foar syn kar krige hy nei de oarloch in publikaasjeferbod fan oardel jier. By de lêzers en syn kollega's bleau syn wurk populêr sa't by de huldiging ta gelegenheid fan syn santichste jierdei yn 1952 dúdlik nei foaren kaam. Sa'n tûzen blauwe skriften is in moderne skriuwersbiografy dy't troch de treflike dosearring fan de ynformaasje noflik lêst. It is in `must' foar elkenien dy't niget hat oan 'e Fryske literatuer. 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De oare helte

De oare helte




Tineke Steenmeijer-Wielenga

Yn De oare helte fertelt de Fryske berneboekeskriuwster Nynke fan Hichtum har libbensferhaal. Sy docht dat net gronologysk, mar sa't it ûnthâld it bewarre hat. Sjoukje Bokma de Boer, sa't de skriuwster hjitte, libbe fan 1860-1939. As frou fan politikus en Frysk dichter Piter Jelles Troelstra makke sy de opkomst fan de arbeidersbeweging yn Fryslân en de lanlike striid fan tichte by mei. Op in tige persoanlike wize fertelt de skriuwster fan Afke's Tiental oer hoe't hja mei Troelstra yn 'e kunde kaam, oer de bern en har wurk as skriuwster, oer it houlik en de skieding dêr't dat - mei troch har swakke sûnens - op útrûn. En oer hoe't sy geandewei minder opseach by har man en har eigen paad fûn as berneboekeskriuwster. De auteur brûkt yn dit boek in styl fan fertellen dy't oanslút by de sfear fan de tiid dêr't de roman yn spilet. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1997. Yn De oare helte wurdt it romantisearre libbensferhaal ferteld fan in frou dy't mear wêze woe as allinne mar de oare helte fan de steatsman Troelstra. Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad. Het is een boek over de wordingsgeschiedenis van een vrouw, die leek voorbestemd om als steun en toeverlaat van haar man het lot van invisible woman te ondergaan. Het tegendeel is waar. Jurjen Wiersma yn HN Magazine 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal