e-books Fries

 | 

Literaire fictie

 | 

Bloemlezingen







Blomlezing ut e Spaanse poezij

Blomlezing ut e Spaanse poezij



Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einet de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dyt yn syn eigen lân sjoen wurdt as `de belangrykste dichter op dit stuit yn Latyns-Amerika. De treflike, wieldrige Spaanse gedichten binne in genot om te lêzen en de skientme fan de Fryske fertalingen foeget der in diminsje fan eigenens oan ta. Al mei al in oanwinst foar ús hieltyd waaksjende Fryske bibleteek. Klaas Bruinsma hat in grut tal Fryske oersettings op syn namme stean, û.o. út it Latyn, Gryks, Ingels, Dúts, Middelnederlâns.

EPUB versie: ePub 2






Euro 5.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




De wylde boerinne

De wylde boerinne




T.E. Holtrop

Boerinne en widdofrou Broersma jout har buorman Lammers blau, in lyts en ûnsjoch mantsje, mar wol boer op in grutte pleats. As wraak ûntseit Lammers frou Broersma it rjocht fan reed, foar har needsaaklik as ferbining mei de bûtenwrâld. It konflikt tusken beide graniten karakters wurdt pas beslikke mei de dea fan beiden. De wylde boerinne fan Teatse E. Holtrop wurdt beskôge as syn masterwurk yn proaza. It ferhaal waard al yn 1915 publisearre yn Swanneblommen mar pas sechstjin jier letter as in novelle yn boekfoarm útjûn. In Hollânsktalige oersetting waard bekroane mei de haadpriis yn in wedstriid fan it literêre tydskrift De Gids. Yn 2007 ferskynde De wylde boerinne by útjouwerij Perio as byldferhaal. Dit boek is in werútjefte fan de earste printing fan de sammelbondel út 1979, mei in ynlieding fan besoarger Jacobus Knol. De tipearring fan de boerinnne en fan har tsjinspylder, buorman Lammers, tsjûgje fan it fermogen fan de skriuwer om him yn te libjen yn dizze ûnfersetlike figueren. It miljeu dêr't se yn libje krijt in heldere tekening. Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad Opzet en afloop van het verhaal, dat maar ruim dertig bladzijden telt, zijn zo fascinerend, dat men het nooit meer vergeet. Het behoort tot het beste proza dat ooit in het Fries is geschreven. Pieter Terpstra yn it Nieuwsblad van het Noorden

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Op 'e literaire toer

Op 'e literaire toer




Hessel Miedema

Hast alle opnommen wurk yn dizze sammelbondel hat earder yn it literêr tydskrift Quatrebras stien. By de poëzij is de leafdessyklus `Trettjin fersen', mei de bekende rigels: `dêrom lei ik de kul oer 't skouder / en reizge floitsjend ôf', en de grutte sykli `Stadich brekke de foarmen út 'e skyl' en `De greate wrakseling'. Proaza: elf koarte ferhalen yn in yn syn tiid nije styl, sûnder ynterpunksje en haadletters, fol fan kontinu streamende taal dy't de lêzer meifiert as yn in film. Fierder in ienakter, in krityk en in Hollânsktalige ôfskiedsbrief. Fan `De greate wrakseling' ferskynde yn 2005 in aparte nije útjefte by útjouwerij Venus. Dizze útjefte is de werútjefte fan de earste printing út 1973. It boek is net omstavere. `De greate wrakseling' soe it epos fan it skeppingsproses neamd wurde kinne of it epos fan de moderne minske, dy't it paad bjuster is, dy't weet hat fan oarsprong en sin en opnij begjinnen, fan de ivige ûnderstream fan it libben en dy't syn hâldfêst fynt yn it skeppend, it dichterlik dwaande wêzen. Wat stil stiet ferkomt. Sjoerd Leiker yn De Tsjerne Yn Miedema hat Fryslân in skriuwer fan alluere hân, mar suver gjin mins ken him, lêst him en wurdearret him. Tr. Riemersma yn It koarte forhaal yn 'e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu De besieling, passy en driuw dy't dat gedicht [de grutte wrakseling] jeie en de manier sa't de dichter mei nije foarmen boartet, hawwe yn de Fryske poëzy amper har gelikens. Eeltsje Hettinga yn de Moanne

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Mei Abraham fustkje

Mei Abraham fustkje




Anne Wadman

Anne Wadman skreau Mei Abraham fûstkje ta gelegenheid fan syn fyftichste jierdei. It is in karlêzing út eigen novellistysk, essayistysk en polemysk wurk, oanfolle mei autobiografyske bydragen. It boek hat in sterk dokumintêr karakter en is yllustrearre mei bysûndere foto's. Troch de konfrontaasje dy't er yn it boek oangiet mei Fedde Schurer, E.B. Folkertsma en Jan Piebenga leveret it in wichtige bydrage ta de literatuerskiedsskriuwing. It boek befettet ek twa kontroversjele ferhalen, dy't net yn De Tsjerne of oarsearne publisearre wurde mochten fanwege har iepenhertich eroatysk karakter. Ien dêrfan is `De reade roas', dat yn 1960 fan de útjouwer net yn de ferhalebondel Yn 'e lytse loege opnommen wurde mocht. Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1969. In by tiden hyper-persoanlike skriuwerij mei bledsiden út it deiboek fan in skriuwer, alle kompleksen iepen en bleat, himsels en in stikmannich oare griemers te kyk en te kak settend. T.K. yn De Stim Omdat wy yn Anne Wadman ien fan de weinige skriuwers hawwe dy't har dingen dogge net by de graasje fan it fûnkje fan de dichterlike ynspiraasje mar fan de flam fan de erudysje en talint sil Mei Abraham fûstkje yn elk gefal lêzen wurde moatte troch elk dy't yn Frysk-literêre saken yn ús dagen in krom meitinke, -prate en byneed -skriuwe wol. Freark Dam yn De Strikel De skriuwer, nettsjinsteande de moeting dêr't de titel fan sprekt, wit net wêr't Abraham de moster langer hellet. Boppedat komt dy moster lang nei de mieltyd. A.W., lêste sinnen fan Mei Abraham fûstkje

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal