e-books Fries

 | 

Spannende boeken

 | 

Detective







Allegearre snie

Allegearre snie




Meindert Bylsma

De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr’t er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan ’e klup. Bareld is meastal op ’e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom. It wurdt in plysjesaak. De resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen wurde op ’e saak set. Se kinne as de blommen en wurde op it buro dan ek 'de Blomkes' neamd. Der komt in hiel ferburgen libben oan it ljocht en, al filosofearjend, sa’t de gewoante is fan 'de Blomkes', komme se ta ferrassende ûntdekkingen. In fermaaklike misdiedroman. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 4.95


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Komme dy kepers? / Boef fan Rys

Komme dy kepers? / Boef fan Rys




R.R. van der Leest

Mei Komme dy kepers? (1969) en Boef fan Rys (1972) foege Van der Leeest in nij sjenre ta oan de Fryske literatuer. Yn de boartlike detektiveferhalen oer Nier Hinnebruier en Dynte Planteit lit er syn personaazjes gâns wylde avontoeren belibje. Hja ferkeare derby yn lúkse fermiddens sa't dy net earder beskreaun wiene yn it Frysk. Boppedat moetsje hja de meast nuveraardige typen dy't - lykas hjasels - gauris mear wei hawwe fan stripfigueren as fan minsken. 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Tichtby

Tichtby




Jan Schokker

De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. ‘Moatst my helpe Ale,’ seit se mei in smoard lûd. ‘Wêr is lytse Lutzen?’ Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch’t dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy’t leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen? Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane nei Bergen yn Noarwegen. Kinne se tagelyk wat mear útsykje oer de ferdwining fan Lutzen Terberg, de man fan Nanke, dy’t yn Bergen foar ’t lêst sjoen is, jierren ferlyn. Mar is Nanke wol wa’t se seit dat se is? Se docht hiel frjemd. En dan komt Ale pas echt yn gefaar. Yntusken is Wytske dwaande mei de moard op in 75-jierrige soere resinsint yn in hûs fol boeken. En dat hat ek wer mei har Bontebokker kollega te krijen. In spannend en ferrassend Alema-mystearje. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 6.95


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal