e-books Fries

 | 

Spannende boeken

 | 

Fantasy







Firalen




Kathy Reichs

In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst. Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my. Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen. Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein. De fjirtjinjierrige Tory Brennan wennet sûnt it ûngelok fan har mem op Morris Island, by har heit Christopher ‘Kit’ Howard. Har heit is seebiolooch en wittenskiplik ûndersiker by it ynstitút op Loggerhead Island. Hy is in workaholic, dy’t gjin ferstân fan it heit-wêzen hat. En Tory sels is in nerd, dy’t neat leaver docht as dingen út te fûgeljen en antwurden op lestige fragen te finen. Op in speurtocht mei in groepke freonen fynt se in identiteitsplaatsje mei de namme ‘F. Heaton’ derop en dêr begjint it mei. Letter stuitsje se net allinne op in grêf, mar ek op in ferburgen laboratoarium, dêr’t se in wolfshûn befrije. It bist is ynfekteard mei in firus, en dat hat in wol hiel bysûnder effekt op de sintugen fan de freonegroep. It makket harren ûnferslaanber en de folwoeksenen hawwe der de hannen fol oan. In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. Geart Tigchelaar hat it boek yn it Frysk oerset.

EPUB versie: ePub 2






Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Koade




Kathy Reichs

Tory en de rest fan de Firalen wurde swier op de proef steld wannear't se in geocache fine dêr't in yngewikkelde puzelkiste yn sit. Shelton kreaket de koade, mar se fine sa allinnich mar mear tergjende oanwizingen dy't 'De Spullieder' achter lit. In twadde, gruttere geocache is binnen hânberik - as de Firalen de útdaging oan kinne. Mar de jacht kriget in rare draai wannear't Tory de oare kiste lokalisearret: der sit in nepbom yn, mei in sinister foarstel fan de Spullieder. No begjint it echte spul: der leit noch ergens in bom - in echtenien - en de klok tikket. Dit is it tredde diel yn de Firalen-searje, in rige magyske en spannende fantasyferhalen yn it young adult-sjenre fan de hân fan de populêre Amerikaanske skriuwster Kathy Reichs. Geart Tigchelaar hat dit boek, krekt as diel 1, Firalen, yn it Frysk oerset.

EPUB versie: ePub 2






Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Oanfal




Kathy Reichs

In leginde fan 300 jier ferlyn It thúsplak fan de Firalen op Loggerhead Island wurdt bedrige. Inkeld in slompe jild kin de minsken en bisten dêre noch rêde. Der geane âlde ferhalen oer in stoere froulike piraat dy't in skat ferstoppe hat yn Charleston. Gjinien wit wêre, mar Tory Brennan - it achternichtsje fan de forinsysk antropologe Dr. Temperance Brennan - is der wis fan dat de Firalen de kryptyske oanwizingen wol ûntraffelje kinne. In paad nei de dea Al gau sitte de Firalen op it goede spoar. Mar sy binne de iennigen net dy't om de skat sykje. Se wurde efterfolge troch lju dy't der alles foar oer hawwe om de bút yn hannen te krijen. Der komme liken op it paad te lizzen. It eilân sil ferkocht wurde, der is te min tiid. Kinne de Firalen it mei harren spesjale krêften wol oprêde? Dit is it twadde diel yn de Firalen-searje, in rige magyske en spannende fantasyferhalen yn it young adult-sjenre fan de hân fan de populêre Amerikaanske skriuwster Kathy Reichs. Ytje Hoekstra hat it boek yn it Frysk oerset.

EPUB versie: ePub 2






Euro 9.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Yn it skaad fan de wolf

Yn it skaad fan de wolf




Lois McMaster Bujold

Ingrey sjocht himsels as in sljochtwei kriichsman, sij it ien mei in boppenatuerlik erfskip, en as in trou tsjinner fan e segelmaster, hear Hetwar, dyt it Wold regearret not de hjelkening op stjerren leit. Mar as der op in jachtslot yn in úthoeke fan it lân in prins fermoarde wurdt, en Hetwar oan him de opdracht tafertrout om it lyk en de moardneresse nei de haadstêd te bringen, ûntdekt Ingrey dat der frjemde en ôfgryslike dingen geande binne, dêrt hysels oan kop en earen ta yn behelle rekket. In moard dyt selsferdigening blykt te wêzen, in moardneresse dyt op mear as ien mêd Ingrey syn oandacht opeasket, in moardsuchtige betsjoening dyt him oplein wêze moat troch immen út syn kunde ... De wei werom nei de haadstêd is fol gefaren. En sels as er dêr wer oankomt, is er noch net feilich, want in dûnkere, skriklike fijân kriget him yn e macht. Mar it docht bliken dat dat net de iennichste is dyt Ingrey besiket te manipulearjen. En dan wurdt njonkelytsen oan Ingrey iepenbiere hokker lotsbestimming oft oan him taparte is troch de goaden, de ferflokten en de deaden. Lois McMaster Bujold (1949) is ien fan e meast foaroansteande Amerikaanske science fiction- en fantasy-auteurs. Mei har oeuvre fan hast tritich romans en novelles, wêrûnder de populêre Vorkosigan-rige, hat se troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn. Har wurk is oerset yn likernôch tweintich talen, en se hat fans oer de hiele wrâld. Bujold is hikke en tein yn e neite fan Columbus, yn e steat Ohio, mar wennet al mear as tweintich jier yn Edina, in foarstêd fan Minneapolis, yn Minnesota. Se hat twa folwoeksen bern. Mear ynformaasje (yn it Ingelsk) is te finen op Bujold har offisjele webside www.dendarii.com.

EPUB versie: ePub 2






Euro 12.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal