e-books Fries

 | 

Kinderboeken

 | 

Fictie 13 - 15 jaar







Losse hannen

Losse hannen




Saakje Huisman

Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dyt troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda. Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút. It ferhaal hat my fan it begjin oan e ein yn e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil. Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad Huisman toant har op har bêst yn e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich. Sjoerd Bottema yn Trotwaer Saakje Huisman (1951-2001) waard grut op in pleats yn Goutum. Se begûn al ier mei skriuwen mar kaam dêr pas let mei nei bûten ta. Meastal binne de haadpersoanen yn har wurk froulju yn útsûnderlike omstannichheden, dyt de skriuwster mei in lichte toets raak del wit te setten.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




Tin iis

Tin iis




Tiny Mulder

De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dyt it hûs iepenstelt foar ûnderdûkers dyt dêr koarter of langer tahâlde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch ûnderbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollânsk, Gevaarlijk ijs. In roman dyt de jongerein fan dizze tiid, dyt de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jûn wurde, omdat it sa autentyk is. Piter Terpstra yn it Frysk Deiblêd Tiny Mulder (1921-2010) kaam op har trettjinde yn Drachten te wenjen. Yn de oarloch rekke se yn it ferset behelle as koerierster. Nei de oarloch waard se sjoernalist en literêr kritikus by it Friesch Dagblad. Se waardwurdearre om har selsstannich en kritysk oardiel. Tiny Mulder skreau gedichten, berneboeken, ferhalen en twa romans. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




Nei de klap

Nei de klap




Trinus Riemersma

In ploechje bern swalket troch Frankryk en besiket te oerlibjen. It is in jier of sân nei de klap. Sûnt is de natoer yn de war. Allinne rêdt in mins it net op yn san wrâld. Bern hâlde har better steande as âlderen. De fjirtjinjierrige Ake út Drachten hat him oansletten by it ploechje fan Claus, in minne fint. Yn flashbacks fan Ake kriget de lêzer in byld fan de foarskiednis. Oan de ein makket Ake him los fan de groep en giet er werom nei hûs, of wat dêr fan oer is. De skriuwer seach dit boek as jongereinboek. It waard lykwols as folwoekseneroman yn de merk set. De earste printing ferskynde yn 1999, yn 2001 de Nederlânske oersetting fan Jabik Veenbaas. ... een voortreffelijk en ook merkwaardig teder en verontrustend boek over wat mensen elkaar aan kunnen doen wanneer het op overleven aankomt. Kees t Hart yn de Leeuwarder Courant oer de oersetting As ik it boek net oan myn learlingen oanriede sil, dan is dat om de inketswarte moraal. [] Ik leau net dat it der sa hinneleit yn de wrâld en as dat foar guon bern al sa wêze sil, dan is it betiid genôch as se dat sels ûnderfine. Hylke Tromp foar Omrop Fryslân Trinus Riemersma (1938-2011) heart by de grutte skriuwers fan Fryslân. Hy wie kreatyf op allerhanne literêr mêd. Hy skreau prachtich Frysk yn in ûnoertroffen styl. As polemist hie er in skerpe pinne, yn syn kollumns sei er alles wat er kwyt woe. Syn literêr wurk lit opstannigens sjen, synisme, mar letter ek in moedich libbensbesef: genietsje it libben, ferdraach de pine en mjêkje net. Twa kear wûn er de Gysbert Japicxpriis.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal