e-books Fries

 | 

Kinderboeken

 | 

Fictie 15 en ouder







Cap Sud

Cap Sud




R.R.R. van der Leest

Cap Sud (sûnder aksint: it is in Frânske namme) giet oer twa freonen, Diderik en Gerl. Gerl sjocht yn in fisoen hoe't syn maat in autoûngelok krijt. Nei in petear mei in âlde frou dy't yn de takomst sjen kin, giet Gerl mei de feint fan syn suster op 'e motor op speurtocht nei Diderik om him dêr foar te behoedzjen. Dy is yn Frankryk op fakânsje. It wurdt in tocht fol aventoeren. Se ha gjin oare oanwizing as dat se nei Cap Sud ta moatte. Cap Sud is it iennichste jongereinboek fan Van der Leest, skreaun yn opdracht. Hy krige der yn 1983 de earste Simke Kloostermanpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1980. Ut al syn boeken docht bliken dat Van der Leest as gjin oar fan de Fryske skriuwers alle niget sjocht oan de eigenaardichheden fan ús dagen. In pree is ek Van der Leest syn feardich en gauris ferrassend taalgebrûk. Hy brûkt fansels it Frysk fan de tsjintwurdige jongerein, mar dan wol riker en fariearder as wat men ornaris opheint. Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad Met name voor Friese begrippen een sterke volwassen jeugdroman, die 12- tot 16-jarigen zeker zal boeien. Wim van der Schaaf foar Boek en Jeugd Reinder van der Leest hat syn opdracht, it skriuwen fan in jongereinboek, op in treflike manier foarmjûn. Der is ferlet fan sok goed, oarspronklik materiaal. Jant van der Weg-Laverman yn Hjir 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De keet fan Annawald

De keet fan Annawald




Freddy Scheltema

Opgroeie yn in plak as Annawâld is saai. Dea saai. Der is gjin snackbar, gjin kafee en gjin jeugdsoas. It ienige fertier foar adolesinten fynt plak op de lêste sneon fan e moanne. Dan is der in diskoteek of spilet der in bandsje yn it doarpshús. As Halbe op it idee komt om de ôfdankte karavan fan syn âlden as keet yn te rjochtsjen fynt er dan ek in protte byfal by syn leeftydsgenoaten. Se rjochtsje it mei-inoar yn en ha tenei in plak dêrt se sitte kinne, wat muzyk draaie, bierke derby, swetse en laitsje. It wurdt it sintrum fan har frije libben. Smout en smeuiïch fertelt Freddy Scheltema wat der sa foar en nei yn de keet bart. Mei humor, flotte dialogen, mar ek each foar tragyk. Yn syn debútroman De reüny hat er al sjen litten dat er fertelle kin. Yn syn twadde, like tagonklike boek, bout er dat talint fierder út. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 7.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




Eksamenjier

Eksamenjier




Sjieuwe Borger

As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen. Sjieuwe Borger (1964; jurist) debutearre yn 2005 mei de roman It ferrin fan de tiiddêr’t de ferhâlding fan de haadpersoan mei syn alkoholyske jeugdfreon sintraal yn stiet. Yn 2006 folge Genesis abbekatekantoaren yn 2011 Simmer oan ’e Pikmar oer de studint Sybren Brouwer, dy’t yn syn eardere wenplak Grou fakânsjewurk docht en ûnderwilens besiket om syn bestean wer fuotten ûnder it gat te jaan nei’t syn ferkearing yn Grins útskuord is. De romans spylje allegearre yn it akademysk fermidden. Mei de roman Eksamenjierslacht de skriuwer in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oanslút by de belibbing fan jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dy’t se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Swart op wyt

Swart op wyt




Akky van der Veer

Femke is de dochter fan Ida, dy't har krige doe't se santjin wie. Wa't har heit is wit se net, en Ida wol it net fertelle. Femke groeit op by Beppestyn, Ida har mem. As famke fan sechtsjin begjint Femke `yn opdracht fan har horoskoop' in deiboek te skriuwen. Dêr docht se ferslach yn fan de syktocht nei harsels en alles wat in puber dwaande hâldt. Beppestyn hat in kosthûs en Femke en de trije kostgongers groeie op as in húshâlding. As Femke har oarepake kontakt mei har siket komt se te witten wat mem net fertelle woe. Dat jout har grûn ûnder de fuotten en iepenet it kontakt mei Ida. Fan Swart op wyt ferskynde in Nederlânske oersetting. Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1985. It boek is tige lêsber troch de humor en de linige taal dêr't de problemen mei delset wurde. [...] Ditsoarte boeken lit jonge minsken fiele, dat ek Fryske boeken by de tiid wêze kinne. Jant van der Weg yn it Friesch Dagblad De stijl is niet echt die van een dagboek. Daarvoor wordt er te uitgebreid en te vaak naar het verleden teruggegrepen. Van der Veer schreef meer een ik-verhaal, dat is ingedeeld in elf opeenvolgende dagen. In de toon overheersen afstandelijkheid en een droge soort humor. [...] Het is deze terloopsheid en nuchtere Friese instelling die Zwart op wit behoedt voor melodrama... Bregje Boonstra yn NRC Handelsblad 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Koartsluting

Koartsluting




Akky van der Veer

Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om fan syn skuld ôf te kommen... Harry rekket betize yn syn eigen leagens en dat soarget foar koartsluting yn de ferhâlding mei syn mem. En dan is Jurre der noch, klassegenoat fan Yfke, dyt ferlyfd op har is. Hoe moat er har dat dúdlik meitsje? Geandewei reitsje de ferhaallinen fan Harry en Jurre mei elkoar ferbûn. Akky van der Veer skreau Koartsluting yn opdracht fan it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean. It ferskynde yn 1991 yn ien bân mei Hoogspanning fan Jan Terlouw. Dizze werútjefte is neffens de earste, sûnder de yllustraasjes. It ferhaal fan Harry Stobbe is meinimmend en aktueel. K. Dantuma yn Frysk en Frij It binne libbene persoanen dyt Van der Veer hjir delset. Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad Akky van der Veer (1943) folge de oplieding foar ûnderwizeres en foar Frysk MÛ-A. In tal jierren stie se yn Snits foar de klasse. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek is Swart op wyt út 1985, dat ek by TDE ferskynd is. Oare boeken fan har binne Grutte wurden, Kuneara en yn 2013 Brieven oan ús mem.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 5.00


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal