e-books Fries

 | 

Regionalia

 | 

Fries







De kreftproef

De kreftproef




Piter Boersma

De krêftproef, dizze nije roman fan Piter Boersma (yn 1998 winner fan de Gysbert Japicxpriis), is in nuveraardich boek. It bout nei de foarm fierder op syn earder ferskynde wurk as It libben sels (1997) en It útsjoch (2005). Yn koarte, poëtysk kleure haadstikken beskriuwt Boersma syn filosofy en (Fryske) literêre achtergrûnen. De eigen belibbingswrâld fan de skriuwer stie yn dy romans sintraal, yn dit nije boek leit dat oars. Yn De krêftproef draait it ferhaal om de actman Jelle Westerbaan, om it projekt dat er betinkt en om syn freone- en kunderûnte yn de stêd Ljouwens. Haadrollen binne dêrby weilein foar Boersma syn literêre foarbylden en helden Arthur Rimbaud, Daniil Charms, Velimir Chlebnikov, Paul van Ostaijen en Richard Brautigan. Mei harren bringt Jelle Westerbaan, in dochminske, wat ta stân dat eins ûnmooglik liket te wêzen. Troch de fantasyrike, absurdistyske kant fan it boek slút De krêftproef oan by Boersma syn mearke-eftige roman De klûs fan Copmanshurst. 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 14.00


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




Fol tuch de mist yn?

Fol tuch de mist yn?




Hidde Boersma

Hoe sjocht it deistich libben derút fan in stikmannich artistikerige jonge minsken dyt mei opsetsin alles oan it tafal oerlitte? De haadpersoanen yn Fol túch de mist yn fan Hidde Boersma hingje yn it generaal om yn de meast ferskriklike dekôrs dyt it moderne libben te bieden hat of folderje dêr wat: yn suburbs yn grutte stêden, Hoog Catharijne-achtige winkelsintra, op de Reeperbahn. En soks smyt bysûndere ynsichten op. Mar ek it plattelân is oanwêzich yn Fol túch de mist yn. Wiuwert en omkriten, wêrt de skriuwer opgroeide en de winterske sfear op it iis binne tige werkenbere eleminten yn dit boek. Yn 2008 debutearre Hidde Boersma (1980) mei de dichtbondel De rop om Doede. It titelfers fan dy bondel hie al grutte bekendheid krigen tanksij de twatalige blomlêzing fan Fryske dichters Dream yn blauwe reinjas. It Doedeïsme, de filosofy fan libje folút: nim dyn gemak, komt op yntrigearjende wize werom yn Fol túch de mist yn. Filmkenners tinke by dat wurd daliks oan `The big Lebowski. Mei Fol túch de mist yn lit Hidde Boersma sjen dat er ek in echte proazaskriuwer is. En hjir krije de Doedeïsten wer folop har gerak. Fol túch de mist yn ferskynde yn 2010 yn boekfoarm. Yn 2011 publisearre Hidde Boersma syn earste roman, De gewoanste man. Dat boek giet oer de foarman fan in ploech strjitmakkers fan in doarpsgemeente. Krekt as de personaazjes yn Fol túch de mist yn lit dizze romanpersoan him de kop net gek meitsje: ek hy libbet opmerksum en fol iroany syn deistige bestean. 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 14.00


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




Skepsels fan God

Skepsels fan God




Durk van der Ploeg

Dit boek giet oer de twilling Wanders en Tsjaard van Kleffens. Se waarden yn 1876 berne op 'e Sionsberch bij Dokkum. Nei de dea fan 'e heit bleau de twilling mei de mem iensum efter op 'e pleats.Yn dwaan en litten hiene de jonges neat fan inoar. Al hoe tsjinststeld dizze typstra's fan natuere ek wiene, se koene inoar ek net misse. Hoe't se as godsikers mislearje en hoe't dat mislearjen harren ta de ûndergong bringt, wurdt yn dizze roman beskreaun. 





 Online Lezen

 Bij dit e-book kunt u kiezen uit de varianten:

 * Downloaden
 * Online Lezen

 Maak uw keuze in onderstaande dropdown menu.

 Let op:
 Online Lezen kan alleen met een leesapparaat met WiFi en Browser. 
 U kunt uw keuze na aankoop niet wijzigen of ruilen voor een andere vorm.

 Klik hier voor meer informatie over Online Lezen





Euro 12.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




It dak fan de wrald

It dak fan de wrald




Ferdinand de Jong

It dak fan de wrâld is de spannende, twadde roman fan Ferdinand de Jong. Dit is it earste Fryske boek dat him yn it fermidden fan berchbeklimmers ôfspilet. It dak fan de wrâld waard yn 2012 bekroand mei de Rink van der Veldepriis fan de gemeente Smellingerlân. Haadpersoan Redmar Ozinga krijt as jonge fan achttjin tsien proeflessen kado: in koarte kursus berchbeklimmen fan Marcel de Ruiter. Marcel is in geweldich ynspirearjende en spannende keardel. Dat fynt ek Hiske, de nije leafde fan Redmar. En dat soarget fansels wer foar grutte argewaasje. Nei Redmar syn earste aventoeren op de Ben Nevis, yn de Skotse Highlands, sille Marcel, Hiske en Redmar it dak fan de wrâld betwinge, de Mount Everest. Underwilens is dúdlik wurden dat Marcel wol in hiel nuver houtsje is, in man dyt altyd fan alles by de ein hat, ek minder frisse saken. Yn dizze roman stride humor, spanning en romantyk om de oandacht fan de lêzer. It dak fan de wrâld is mei grutte faasje skreaun. Fan Ferdinand de Jong ferskynde yn 2010 de debútroman Guozzeflecht, in bjusterbaarlik ferhaal oer in spion yn de tiid fan de Kâlde Oarloch. De twadde roman giet oer de tiid fan no en oer werkenbere jonge Fryske minsken. Syn tredde roman, De lêste trúk, op e nij in misdiedroman, ferskynde yn 2013. 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 12.00


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal