e-books

 | 

Regionalia

 | 

Fries







Libben reach

Libben reach




Greet Andringa

Libben reach is in prachtige, literêre famyljeroman, oer trije generaasjes út de famylje Wiggersma. De haadpersoan Geeske hat in dochterke dat nei in ûngemak in skoft yn koma leit. Foar Geeske is dat tragyske foarfal reden foar in selsûndersyk. Se giet werom nei de boarne en siket it antwurd yn har famylje, yn de trije generaasjes fan de famylje Wiggersma. De útsûnderlike libbensferhalen fan pake en beppe en har neikommelingen foarmje in reade tried yn dit boek. Pake kaam as dwangarbeider út de oarloch yn Fryslân werom mei in Dútske, jonge frou, in oarlochswiddo. Dizze minsken geane mei har bern yn de fyftiger jierren in skoft werom nei wat dan de DDR is, dêrt se har sosjalistyske idealen besykje te realisearjen. Dy progressive idealen krije neifolging: de twadde en tredde generaasje fan de famylje Wiggersma docht mei oan it ferset tsjin de pleatsing fan de kearnwapens. De jongere generaasje (Geeske, har nicht Nynke en jonge muoike Elza) liket op it earste gesicht o sa solidêr mei-inoar. It binne froulju dyt har eigen talinten ferwêzentlikje, yn wurk en stúdzje, yn de muzyk en de byldzjende keunst. Froulju dyt autonoom kieze foar in oar bestean as de eardere generaasjes dyt folle mear fêst sieten yn it stramyn fan plicht, tradysje en âlderwetske ferwachtingspatroanen. Dizze generaasje `frije froulju giet op in oare wize mei man, bern en karriêre om. Alteast: dat tinke se mar. Se sitte allegear fêst yn in libben reach: de ferwachtingspatroanen fan de âldere generaasjes, ûnbewuste rolpatroanen en de sjerperichheid fan alle deistige plichten. Net sûnder muoite en pine raffelet Geeske alle kleverige triedden dyt har smoare útinoar. Yllúzjes binne der oan de ein net mear oer. Mar wol is in nij gefoel fan leafde en frijheid ûntstien, wêrtroch ûngemakken lykas yn it begjin fan it boek net mear nedich binne. Sa is in folslein nij leafdesferhaal ûntstien, sfearfol beskreaun yn in tige fersoarge styl en yn prachtich hjoeddeisk Frysk. Greet Andringa (1971- Reduzum) debutearre yn 2003 mei de koarte ferhalebondel De diggels fan Che, dyt nominearre waard foar de Fedde Schurerpriis. Libben reach is har earste roman. Yn 2010 ferskynde de yn Egypte ferskinende novelle Los sân, as earste kadoboek fan de Moanne fan it Fryske Boek. De roman Ikarusblau ferskynde yn 2011. Greet Andringa is dokter by de Verslavingszorg Noord-Nederland. 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 14.95


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




De kleine Fries voor Dummies

De kleine Fries voor Dummies




Janneke Spoelstra

De leukste manier om beter Fries te leren. De kleine Fries voor Dummies is de toegankelijke en praktische kennismaking met het Fries, de bekendste officiële minderheidstaal van Nederland. Je leert de taal in alledaagse situaties toe te passen, zoals bij het kennismaken en op vakantie, maar ook bij sport en ontspanning, winkelen, eten en drinken, wonen en werken en in noodsituaties. Het boekje besluit met tien bekende Friese zegswijzen. Janneke Spoelstra is eigenaar van Vertaalbureau It Oerset in Alde Leie, in het noorden van de provincie Fryslân. Bovendien is ze werkzaam als assistent bij de Vakgroep Taalkunde van de Fryske Akademy in Leeuwarden. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 7.99


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal