e-books Fries

 | 

Cadeauboeken

 | 

Gedichten (populair)







Binnentun

Binnentun




Tryntsje van der Veer

De debútbondel Binnentún van Tryntsje van der Veer befettet 49 haikûs yn it Frysk, oer de natoer en it libben. De dichtfoarm noege har út om sa sober en folle-sizzend mooglik te wêzen. Op har syktocht trof sy Ouke Kooistra, dyt meardere kearen eksposearre yn e kapel fan Bronkhorst. Syn bysûndere oanpak fan gewoane objekten resultearre yn fotowurk wêrfant de sfear goed by de haikûs oanslute. Rob du Jardin foege in ekstra diminsje ta. Tegearre mei de skriuwster spriek hy teksten yn. It lûd fan de stimmen fariearret fan donker, gefoelich en hertstochtlik ta rêstich en plechtich. Syn ymprovisaasjes op fleugel en fioele omliste de fersen, wêrtroch in totaalbelibbing ûntstiet. Sa kaam der in multimediaal en meardiminsjonale projekt yn wurd, byld en lûd ta stân. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 9.95


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




Oer it wetter op e weagen fan muzyk en poezij

Oer it wetter op e weagen fan muzyk en poezij



Yn de simmer fan 2010 frege Tryntsje van der Veer skriuwers, dichters en muzikanten dyt se koe fia Tresoar om eat te meitsjen mei as tema `Oer it wetter. Dat levere in rike rispinge fan allegear materiaal op dat sa goed byinoar paste, dat se it fêstlizze woe yn boek en cd. Op 9 en 16 oktober 2010 waarden de teksten en muzyk opnaam. De poëzij, fertellingen en lietteksten waarden somtiden ferstille brocht, sweevjend op in weach fan sêfte klanken, mar dan wer krêftich en yntins. De fariaasje yn muzyk wie fan dimmen, jazzy, folk oant metal. Dat alles yn in mjuks fan solostikken en gearwurking, ynklusyf ymprovisaasje. De skriuwers en útfierders wurken mei passy. Guon hiene fakminsken by har útfiering belutsen, oaren in selskip en ek die in koar fan diriginten mei. Op de cd en yn it boek dit nije Fryske wurd en lûd. Yn it boek is ek de fisuele diminsje fan wetter en ferbining meinaam. Dat omfettet wurk fan en fia de skriuwers en fotowurk fan Ouke Kooistra, Johan Veenstra en Coby Bandstra. myn dream komt oanfarren oer de mar de seilen strutsen Aukje Kloppenburg dûbelskouderich mei mânsk basalt Edwin de Groot der is gjin tiid en der is alle tiid Geke Houwer ik ha in in wûnder sjoen Meintsje Brouwer 

EPUB versie: ePub 2






Euro 9.95


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal