e-books Fries

 | 

Populaire fictie

 | 

Historische roman (populair)







Ridder fan Snits / diel 2: Skuld

Ridder fan Snits / diel 2: Skuld




Willem Tjerkstra

Rienk Bockema syn lang libben (1350-1436) spile him net allinnich ôf yn Rodenboarch, de mânske stiens dy't binnen de wâlen en grêften fan it midsieuske Snits stie. Doe't er weromkaam fan in krústocht nei Rhodos, waard er troch kening Edward III fan Ingelân om syn moed ta ridder slein. Mar yn de jierren dêrnei fierde er op 'e grûn dêr't er hikke en tein wie, in hiel oare striid. Hy wraksele mei syn eigen libben, dat ferrûn tusken wylde driften en eangst foar de dea. Om't er him skuldich fielde oan de dea fan syn frou Bot, dy't ûnder heimsinnige omstannichheden omkaam, makke er in pylgertocht nei Jeruzalem. Dêr ferbûn er him noch hechter oan de Hillige Frouwe Marije, foar him it toanbyld fan inkelde froulju dy't yn syn libben in grutte rol spilen. Mar de rom as ridder en de pylgerreis nei Jeruzalem koene syn skuld foar Marije en de froulju oer net weinimme. Earst oan de ein fan syn libben fûn er de rêst yn it kleaster Thabor, dat er tusken Snits en Turns bouwe litten hie.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Ridder fan snits / Diel 3 Boete

Ridder fan snits / Diel 3 Boete




Willem Tjerkstra

Rienk Bockema wie it lêste part fan de fjirtjinde ieu haadling yn Snits. Hy makke trije lange reizen. De earste reis wie in krústocht nei Rhodos, yn tsjinst fan kening Edward III fan Ingelân. Fanwegen syn moed waard him de rom fan it ridderskip takend. De oanlieding ta syn twadde reis wie de ûnferwachte dea fan syn frou. De eangst foar skuld en ivige straf dreau him op pylgerreis nei Jeruzalem. Dêr krige er de hillige opdracht om in twadde krústocht te ûndernimmen. Fan dy krústocht, tsjin gruthartoch Witold fan Litouwen, brocht er in Marijebyld en twa jonges mei werom. Doe't er tsjin de sechtich rûn, waard er him bewust dat oan syn aventoerlik bestean in ein kommen wie. Hy wist ek dat syn lêste libbensjierren net sûnder boete koene. Dêrom stifte er it kleaster Thabor, dêr't er noch langer as in fearnsieu muonts ûnder de muontsen wie. 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Eilan fan de silligen

Eilan fan de silligen




Ypk fan der Fear

Eilân fan de silligen is in histoaryske roman oer it libben fan Antoinette de Bourignon (1616-1680), dochter fan in rike roomske keapman út it Belgyske Rijsel. Antoinette flechte út har âlderlik hûs om oan in oplein houlik te ûntkommen. Nei ferskate omswervings bedarre se op it Waadeilân Nordstrand by Sleeswyk-Holstein en mei har folgelingen boude hja dêr oan har ideaal om in kristlike oergemeente te stichtsjen. Bourignon wie der fan oertsjûge dat God har útkeazen hie om it wiere kristendom út te dragen. Neit hja har leauweardigens ferlear, flechte Antoinette nei Amsterdam. Hja waard ûnderweis siik en ferstoar yn Frjentsjer. Ypk fan der Fear beskreau de haadfiguer as in frou dyt ûnder ynfloed fan mystike skriuwers en prekers harsels seach as in ynkarnaasje fan God. 
Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1981.


EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De boumaster fan de aldehou

De boumaster fan de aldehou




D.A. Tamminga

Cornelis Frederiks wurdt assistint fan boumaster Jacob van Aaken, dy't yn 1529 begongen is mei de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Troch de sunigens fan de opdrachtjouwers wurdt de fundearring net goed útfierd en begjint de toer skeef te sakjen. Nei Van Aken syn dea wurdt Cornelis boumaster, mar as it jild op is moat de bou úteinlik stillein wurde. It boek fertelt net allinne it relaas fan de mislearre bou, mar ek fan de leafde tusken Cornelis en Van Aken syn tsjinstfaam Chistyn, yn de tiid fan de herfoarming, mei spanning en betizing, as fan hegerhân op nije sekten reagearre wurdt mei ferfolging. Tamminga syn histoaryske roman waard yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert. Dizze fjirde printinge is de werútjefte fan de earste printing út 1985. It is in stik tige wichtige, oant no ta net of amper yn de literatuer ferarbeide Ljouwerter skiednis, dy't yn De boumaster fan de Aldehou ta libben brocht wurdt. Ta libben yn kante, men kin gerêst sizze markante taal, dêr't nammers de boumaster fan Ysbrechtum it masterskip oer hat. Sjuery Piter Jellespriis In meinimmend boek foar wa't hâldt fan in op tradisjonele mar tige sfearfolle wize ferteld ferhaal. Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de Leeuwarder Courant De boumaster fan de Aldehou is in ljochtsjend foarbyld fan wat it Frysk, sûnder opgniste wurden, noch wêze kin. Piter Terpstra yn De Strikel 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Ridder fan snits / Diel 1: Rom

Ridder fan snits / Diel 1: Rom




Willem Tjerkstra

Yn 1999, op 'e kop ôf 600 jier neidat de Snitsers de stins Rodenboarch delhelle hiene, ferskynde it earste diel fan Willem Tjerkstra syn histoaryske roman Ridder fan Snits oer Rienk Bockema (1350-1436). Rienck hie as jonge in famke oanfallen en miend dat er har ferdrinke litten hie. Dat levere him in nitigjend skuldgefoel op. Undertusken hie er ek langstme nei frijheid en aventoer. Mei de kening fan Ingelân gie er op krústocht om fan syn skuldgefoel ôf te kommen. Hy focht op Rhodos tsjin de Turken, waard yn 1372 yn Ingelân ta ridder slein en gie doe werom nei Snits, dêr't er him nei wenjen sette op Rodenboarch. Dêr einiget dit earste diel fan de trilogy. De dielen II Skuld en III Boete ferskynden yn 2000 en 2001. Tjerkstra krige der twa jier letter de Gysbert Japicxpriis foar. Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1999. Tjerkstra makket fan Rienk Bockema net in gewoan minske, mar in alderminsklikste minske, en dêrmei in held, net in Fryske held, mar in literêre held. [...] De sûplesse dêr't Tjerkstra de histoaryske en literêre wrâld mei kombinearret is fan heech nivo. Sjochst soks [...] ek by Umberto Eco De naam van de roos, en Patrick Süskind Het parfum. Advyskommisje Gysbert Japicxpriis De aventoerlike ferhalen wit de skriuwer mei faasje en meinimmend te fertellen. De ferskillende lokaasjes wit er oertsjûgjend op te roppen, hjir en dêr mei fernimstige details. Sybren Sybrandy yn Trotwaer 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal