e-books Fries

 | 

Literaire non-fictie

 | 

Literaire essays







Kritysk konfoai

Kritysk konfoai




Anne Wadman

Yn 1951 bondele Wadman de kritiken en essays dy't er oant dan yn it literêr tydskrift De Tsjerne skreaun hie. Hy hifke dêryn de Fryske literatuer oan it `Europeeske nivo' en besocht de selsfoldienens te trochbrekken. Dat die er mei alle skerpte, stilistysk en ynhâldlik. Hy waard oantsjut as in `wikel midden 'e mosken' en krige ek de bynamme `de boal fan De Tsjerne'. Ut de ynlieding: `De kronykskriuwer is him bewust dat er fan dy Fryske proazaliteratuer [fan de ôfrûne fiif jier] in beskaat byld tekene hat - in byld dat de histoarje faaks as in mistekening sjen sil. Hy avontoeret it, dat subjektive byld de lêzer foar te lizzen yn boekfoarm, om't er him der fan bewust is, dat it `right or wrong, my country' op it stik fan de kultuer in tige swak argumint is. Der kin yn alle gefallen gjin twivel oan bestean, oan hokker kant fan de tinkbyldige streek tusken `lektuer' en `literatuer' as er stiet. It soe him lykwols goeddwaan, as dizze kroniken bewize koene dat er dêr net mei tige noft stiet, dat it in sigerich plak is, en dat er dy imaginêre streek sels as in probleem sjocht.' Foar Kritysk konfoai krige Wadman yn 1952 de Gysbert Japicxpriis. Mear kritiken en essays fan Wadman binne útjûn yn It kritysk kerwei (1990) en Oer oarmans en eigen (1994), beide ek beskikber yn de `Nije biblioteek'. Dizze útjefte is de werprinting fan de earste.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Oer oarmans en eigen

Oer oarmans en eigen




Anne Wadman

Dizze bondel mei kritysk en essayistysk wurk fan Wadman slút oan by Kritysk konfoai (1951) en It kritysk kerwei (1990), beide ek ferskynd yn de `Nije biblioteek'. Wadman makke foar dizze bondel in kar út wat er sûnt 1970 byinoar skript hie oan skôgjend, kritysk en sjoernalistyk wurk. Dat wie dan benammen út de tiid nei 1981, omdat dêrfoar syn wurk as haaddosint Nederlânsk oan de learareoplieding Ubbo Emmius syn skriuwerswurk sa goed as stillein hie. De seleksje yn dizze karlêzing is oars fan aard as de twa eardere. Der steane gjin poëzijkritiken mear yn, en Wadman syn kritiken oer de nije Fryske proazaliteratuer yn Frysk en Frij binne net opnommen. En, sa't de skriuwer stelde: `Foar de feroaring haw ik in mannich opstellen opnommen oer myn twadde 'hobby', de muzyk.' Fierder befettet it boek in bibliografy oer de jierren 1972-1994. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste út 1994. Anne Wadman woe hiel bewust de algemiene Europeeske (ynternasjonale) tradysje op in rasjonele en realistyske wize yn 'e Fryske literatuer sa net ynfiere dan dochs trochfiere. [...] De literêre wearde fan Wadman syn kritiken sit benammen yn it feit dat it lêzen fan literatuer foar Wadman altyd in aventoer wie. Ik leau net dat er fan tefoaren in oardiel klear hie, mar al skriuwend kaam er ta in konklúzje. Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal