e-books Fries

 | 

Literaire non-fictie

 | 

Literaire non-fictie algemeen







Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse

Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse




Jan Piebenga

De earste printing fan Jan Piebenga syn `Koarte skiednis' ferskynde yn 1939. It wie it earste folsleine skiednisoersjoch fan de Fryske literatuer en ûntstien út de praktyk fan it lesjaan. It boek is tige ferheljend fan opset en jout rom omtinken oan persoanen en omstannichheden. It besiket elke Fryske skriuwer in plakje te jaan, ek dyselden dy't fan it twadde of tredde plan achte waarden. Literatuer en taalbeweging wiene by Piebenga twa kanten fan deselde medaille. Piebenga wie 28 jier doe't er it boek skreau. Syn generaasjegenoaten liezen it as in meislepende histoaryske roman. Yn 1957 ferskynde de twadde útwreide edysje. It boek foel der doe minder goed yn omdat de grutte feroaringen fan nei 1945 misten. Dat nimt net wei dat it boek foar de stúdzje fan de âldere literatuer noch altyd in weardefolle boarne is. Dizze útjefte is de werprinting fan de twadde edysje út 1957. Ryklik de mjitte fan 'e oandacht en de wurdearring krije by Piebenga de minsken mei hertstocht, mei felle begearten, mei demony, mei oanstriid ta it grutte, ek as al dy eigenskippen swak of ûnoannimlik yn it wurk, de prestaasje realisearre binne. Y. Poortinga yn de Leeuwarder Courant Men wordt hier voorgelicht door een deskundige, die, weliswaar gedreven door de liefde voor Friesland, maar toch voorzichtig en zo objectief mogelijk, de veelsoortige uitingen van de menselijke geest op literair gebied op hun juiste waarde tracht te schatten. Uiteraard is zijn visie persoonlijk. B.W. van Klaarbergen yn Levende talen

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 8.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Skiednis fan de Fryske biweging

Skiednis fan de Fryske biweging




Sjoerd van der Schaaf

Skiednis fan de Fryske biweging is it earste folsleine boek oer de `Fryske beweging'. Under dat begryp falle alle organisaasjes en minsken dy't har ynsetten hawwe om it Frysk mear earmslach te jaan. Van der Schaaf krige yn 1972 fan de Fryske Akademy de opdracht om it boek te skriuwen; hy wie doe krekt mei pinsjoen. Syn doel wie nei te gean wat de gefolgen en fertuten west hiene fan it `yn it begjin fan de njoggentjinde ieu op gong kommen en stadich krêftiger wurdend stribjen om it âld kultuerbesit fan Fryslân wer ta libben te bringen'. Oardel ieu skiednis wurde troch him libben en detaillearre beskreaun. Oan de jierren 1940-1945 binne twa haadstikken wijd. It boek ferskynde yn 1977 krekt even earder as it proefskrift fan Gjalt Zondergeld, De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen. Van der Schaaf idintifisearre him mei de Fryske beweging, Zondergeld kritisearre. Yn 1978 krige Van der Schaaf de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert foar dit boek. Dizze útjefte is de werútjefte fan de earste printing út 1977. It boek is net omstavere. Van der Schaaf lit sjen hoe't de dream fan de romantyk en âldheidkunde en taalkundige niget fan in genoatskipsrûnte útgroeide ta in taalstriid en in emansipaasjebeweging. Ut it sjueryrapport fan de Piter Jellespriis Juist die informatie en die nuchterheid, de weergave van feiten tegen de vluchtige, maar wel kenmerkend geschetste achtergrond van de verschillende tijdsperioden, maken dit boek tot een evenwichtig werk, leerzaam, documentair en boeiend. Pieter Terpstra yn it Nieuwsblad van het Noorden

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal