e-books Fries

 | 

Literaire fictie

 | 

Literaire roman, novelle







Brieven oan dy




Tryntsje van der Veer

Der is in needsaak ta útwikseling, op hokker wize dan ek, om ússels te uterjen. Ik skreau dy, wa'tsto ek mar bist. It ferrike en ferlinge myn paad. 'For lo, I rise up', skreaun troch C.V. Stanford oan it begjin fan de earste wrâldkriich, siet my yn 'e holle doe't ik dizze wurden maaie 2016 op Iona oan it papier tabetroude. Deis foar de reis nei Skotlân songen wy it mei de Leeuwarder Bach Vereniging by de deadebetinking. Ik draach dit boek, dat ek yn it Ingelsk ferskynt, op oan de 18-jierrige muzikus Calum Woods. Ik moete him op Iona, yn de Abbey. Hans Wempe en David McDonald namen de cd op. Fan Hans is ek de begeliedende muzyk. Nathaniel van Veenen spilet de gitaarsolo. Mei tank oan de LBV is 'For lo, I rise up' tafoege, dirigent Geke Bruining-Visser. Theo Jellema bespile it Mülleroargel fan de Grote of Jacobijnerkerk Ljouwert. De opname is makke troch Henk la Roi. Geart Tigchelaar seach de Fryske teksten nei, Ydwine Scarse de Ingelske. De skilder Hendrik Elings makke de ôfbyldings. Ankemarije Dam fersoarge de foarmjouwing. De dichter Eppie Dam en mei reizger Jurjen Hilverda liezen mei.

EPUB versie: ePub 3

Let op dit is een ePub3 e-book:
Dit e-book is alleen geschikt voor e-readers met geschikte software of Browser.
Uw e-reader of ander leesapparaat dient om te kunnen gaan met HTML5.

Lees hier meer over ePub3.
Indien u twijfelt of uw e-reader geschikt is voor ePub3 dan adviseren we om eerst een gratis ePub3 e-book te downloaden.
Een overzicht van enkele gratis ePub3 voorbeelden treft u hier aan.




Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De bijekening

De bijekening




Sjoerd van der Schaaf

Bouwe Caesar Hommema, in wat twiveleftige profeet, is in nijljochter dy't stúdzje makket fan it bijefolk. Hy siket it geheim fan har perfekte wurkferdieling en wûnderlik goed regele libben én stjerren. As hy dat geheim ûntriedselje kin, wol er dat ek op de minskemaatskippij tapasse. Hommema is in man mei in geniale ynslach, mar hy rekket yn betizing. De bewenners fan Trimbeets, it doarp yn de súdlike Wâlden dêr't it ferhaal spilet, besykje him sa goed mooglik te heinen en te kearen. Hommema syn foarbyld is Pjotr Kropotkin, ien fan de foaroansteande tinkers fan it anargisme, foar wa't it elkoar helpen fan minsken de basis wie fan syn maatskippijfizy. De skriuwer sketst neist it ferhaal fan Hommema in breed panorama fan de maatskiplike ferhâldingen yn Trimbeets yn de jierren tusken de beide oarloggen. Foar De bijekening krige Van der Schaaf yn 1983 de Gysbert Japicxpriis. Dizze tredde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1981. De fine nuânses fan doarpske ferhâldingen hawwe yn Van der Schaaf in treflike notulist. Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad It is Van der Schaaf nei ús betinken treflik slagge, om in stik Europeeske maatskiplike en geastlike problematyk te beskriuwen yn Fryske persoanen en tsjin in Fryske achtergrûn, sûnder dêrmei de delstap te meitsjen ta it provinsjale yn 'e negative sin. It boek falt krekt op troch it ûnprovinsjale. Advyskommisje Gysbert Japicxpriis

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De hoara's fan hastings

De hoara's fan hastings




Simke Kloosterman

Dizze roman spilet op 'e earme Fryske heide fan Hastings, dêr't Twizel model foar stie, en beskriuwt de wjerfarrens fan de rike boerefamylje Hastings. Heit Wychman hat in tsjuster ferline mei in healbroer, soan Fokke kriget de faam net dêr't er syn sin op set hie, en Hester, suster fan Wychman, kiest yn de striid tusken ryk en earm net foar de eigen kant. Dat allegear yn in sletten doarpsmienskip dêr't foar it earst in arbeider yn de gemeenterie komt. As dekôr tekenet de skriuwster mei grutte rykdom oan wurden it doarp en de wylde natoer fan de heide. De earste printing fan De Hoara's fan Hastings ferskynde yn 1921. `De Hoara's' wurdt beskôge as de earste grutte roman yn it Frysk. Dit boek is de werútjefte fan de sânde printing út 1992, mei in neiwurd fan Ph.H. Breuker. Wat dit ferhaal libben jout is de sfear fan ûnheil dy't Simke Kloosterman fielber om de Hoara's hinne weefde. Sels harren huzen en tunen diele dêryn. Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad Simke Kloosterman kin net allinne de aparte minsken yn har aksje en reaksje tekenje, mar ek groepen yn har hâlden en dragen. J.H. Brouwer yn Hjir Simke Kloosterman beskriuwt ús de natuer, it inerlik fan de minske, syn striid yn eigen hert, syn langstme nei it lok en de weemoed oer itjinge dat foarby is en nea werkomt. Dina Simonides yn De Fleanende Krie

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De jacht

De jacht




Durk van der Ploeg

Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, omt er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dyt maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama. De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al de sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lêzerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dyt yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije ferskynden as De oarloch fan Durk van der Ploeg yn 2011 yn ien bân by de Friese Pers Boekerij. Dizze tredde printing fan De Jacht is in werútjefte fan de earste. Yn it beskriuwen fan it lânskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebrûk oanbelanget. Dick Eisma yn de Leeuwarder Courant Yn dizze roman is in sterke ûnderstream fan universele dramatyk oanwêzich. De Jacht soe as útgongspunt tsjinje kinne foar in Fryske spylfilm. Eppie Dam yn Frysk en Frij It ferhaal fan Former, Hinke en Lútsen draacht it hiele boek op natuerlike wize en hâldt de gong deryn oant op de lêste side. Sybren Sybrandy yn Trotwaer Durk van der Ploeg waard yn 1930 berne yn Hoogkarspel (NH). As jonkje fan trije jier kaam er mei syn âlden nei Ealsum. Hy folge in oplieding ta typograaf en waard letter opmaakredakteur by de Leeuwarder Courant. Durk van der Ploeg is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers, meast proaza, mar ek poëzij. Yn 2011 krige er de Gysbert Japicxpriis foar al syn literêr proaza.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De oerwinning fan Bjinse Houtsma

De oerwinning fan Bjinse Houtsma




Anne Wadman

Hindrik Visser is in artistike doarps-haadûnderwizer en dirigint fan de pleatslike sjongferiening. Hy rekket hielendal yn de besnijing fan de jonge Lutske Westra, rike boeredochter, `in frou mei in Mercedes en in ferline. Hindrik fynt in konkurrint op syn paad, de populêre ekspediteur en amateurtoanielspylder Bjinse Houtsma, in frije fûgel krekt as Lutske. It ferhaal ûntwikkelt him nei in dramatyske klimaks. Dizze roman is fan 1962. Wadman sette it boek oer yn it Hollânsk en bewurke it tagelyk ek. De oersetting ferskynde yn 1965, yn it sok fan it sukses fan De smeerlappen. Yn de omstavere en wersjoene útjefte fan 1984 bleau it plot gelyk, mar op detailnivo waard de tekst op hiel wat plakken eksplisiter makke. Dizze tredde printinge is gelyk oan de twadde. Dit is wat Wadman op knappe wize foarmjout: minsken mei té folle twifels moatte dêr hyltyd wer foar bliede. Gerrit van der Meer yn De Nije Wadman heeft een zeer speciale, in ons land tot dusver ongekende humor, die vlijmscherp is maar toch steeds warm menselijk blijft, vol mededogen. B. Roest Crollius yn it Algemeen Dagblad Masterlik is beskreaun hoet yn e ferhâlding man/frou it egoïstyske seksduveltsje as in slange tusken alle reedlike arguminten trochkrûpt [...] en de haadfigueren yn dit leafdesdrama as ferskuorrende leageners en hypokriten delset. Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoet dat kaam yn Grimmig eerlijk út 2009¸ in stúdzje oer Wadman syn libben oant 1963.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 5.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




De oerwinning fan Bjinse Houtsma

De oerwinning fan Bjinse Houtsma




Trinus Riemersma

De roman Fabryk ferskynde yn 1964 as Riemersma syn debút. De haadpersoan wurket yn in grientekonservefabryk. Hy sjocht hoet syn kollegas har deljouwe ûnder de twang en ferlieding fan it meunster dat it fabryk is. Hy rint om mei it idee om in died te stellen en dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt in obsesje dêrt er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. Riemersma wurke yn 1960 trije moanne op it Kondinsfabryk yn Ljouwert. Dy ûnderfiningen ferwurke hy yn it boek. Dizze roman makke in protte diskusje los. De tradisjonele lêzers wiene ûntheistere troch de iepenhertigens wêrmeit de neuroatyske ik-figuer syn tryst libben en syn tinzen en eangstbylden sjen liet. Yn 1995 ferskynde de sechste printing yn de rige Fryske Klassiken, mei in útlieding fan Philippus Breuker. Hy ornearret dat it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners fan de roman úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer gie. Dizze sande printinge is neffens de foarige. De skriuwer is mei syn haadfiguer in aventoer oangien. Hy is meigien oan it lêste ta. J. Noordmans yn de Ljouwerter Krante Yn it suterige en ferhûddûke libben fan dizze fabryksarbeider wjerspegelet him in mikro-kosmos, dyt oan tiid noch plak mear bûn is. En wat is universeel oars? D.A. Tamminga yn De Tsjerne Trinus Riemersma (1938-2011) waard ûnderwizer en letter, nei stúdzje en promoasje, dosint Frysk. Hy wie warber op hast alle fjilden fan de literatuer: romans, ferhalen, kritiken, polemiken, toaniel, poëzij; op lettere leeftiid wie er kollumnist. Twa kear wûn er de Gysbert Japicxpriis, yn 1967 foar Fabryk.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




De oerwinning fan Bjinse Houtsma

De oerwinning fan Bjinse Houtsma




Anne Wadman

Durk Snoad wa ken him net? Yn 1971 ferskynde Rink van der Velde syn skelmeroman Feroaring fan lucht. It boek waard in klinkend sukses en neffens de ferhâldingen in absolute bestseller. Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad, is de heit fan in húshâlding mei tolve bern en wennet earne djip yn de Sweachster bosken, yn in âld klinte. In asosjale húshâlding, sa soe it spultsje tsjintwurdich bestimpele wurde. Durk Snoad libbet meast fan de steun fanwegen net te kontrolearjen rêchklachten en fan de streuperij. Hy is erfklik yn opstân tsjin it wettich gesach. Woltinkende en goedmienende minsken besykje der dochs noch in fatsoenlike húshâlding fan te meitsjen en prakkesearje it Snoad-folk nei in hierwente yn Drachten. Dat kin fansels net oars as misbeteare. Yn 1990 by de 13de printinge paste de skriuwer de tekst oan foar in nije generaasje lêzers. Dizze útjefte is gelyk oan de lêste, sechtjinde printing fan 2004. Yn Durk Snoad hawwe wy no dan lang om let de oerurven Frysk-Wâldsjer fariant begroetsje kind fan de literêr ferneamde `uitvreter. In man, wol sljocht en rjocht, mar net froed en from. Freark Dam yn de Ljouwerter Krante Feroaring fan lucht is in harstikke moai boek! Jo Smit yn de Drachtster Courant Rink van der Velde (1932-2001) waard grut op e Sweach, folge de mulo yn Drachten en wurke as jonge fan achttjin in skoft by in boer yn Frankryk. Nei syn tsjinsttiid waard er sjoernalist, úteinliks by de Ljouwerter Krante. Hy ûntjoech him as betûft skriuwer fan romans, ferhalen en `stikjes. Altyd lei syn hert by de ferhûddûke minske dyt him net yn it systeem skikke wol. Syn ûnderwerpen en tagonklike, smeudige styl fan skriuwen makken him ta de meast lêzen Fryske skriuwer fan syn generaasje.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




De reade bwarre

De reade bwarre




Trinus Riemersma

It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de `Modderklauers', op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de `Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de `grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol. It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy't der yn 1980 by einsluten net kaam. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993. In de roman is alles gethematiseerd wat de Friese literatuur tot de Friese literatuur maakt. Liesbeth Brouwer yn Parmentier Uiteindelijk is het boek - ook - geworden wat Riemersma destijds voor ogen had: een literaire hommage aan zijn vader. Sytske van Aalsum yn Trouw Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. Riemersma is ús earste postmodernist yn in faaks noch mytysk Fryslân. Advyskommisje GJpriis 1995 yn Trotwaer

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 10.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De roekkat

De roekkat




Willem Abma

Dizze bekentenisroman giet oer Heerd Hissema yn syn gymnasiumjierren en is it ferfolch op De oantaasting út 1983. It boek kin dêr goed los fan lêzen wurde. Heerd is in ienselvige jonge dy't in knau krigen hat fan it slim otterdoks fermidden om him hinne. `Roekkat' is de namme dy't er jûn hat oan in kweade dreamferskining dy't mei syn praat Heerd syn hannel en wannel beynfloedet. De roekkat wurdt sjoen as ien fan Abma syn bêste romans. It boek waard yn de jierren tachtich de ynset fan in diskusje oer de aktualiteit fan de psychologyske roman. Foar de iene `in hichtepunt yn de lêste tsien jier', foar de oare `in oerstallich boek'. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1986. De roekkat is in wurk fan grutte ynset, fan sterke foarmjouwing en fan in foarbyldige leafde foar it detail. Anne Wadman yn Frysk en Frij In ferslach fan in puber oer syn libbensfaze tusken likernôch 13 en 19 jier, mei eigen eagen sjoen, út eigen gefoelens wei ferteld. Dat hâldt ek yn dat it hjir en dêr skokkend is, dat it frijmoedich is [...]' Rients de Boer yn it Friesch Dagblad De roekkat is in Fryske roman, en in bêsten ien. Der is yn Fryslân altyd om goede romans frege en oan dy frage is yn de see fan tiid dy't wy `nei de oarloch' neame in inkelde kear foldien. Jan Wybenga yn de Leeuwarder Courant

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De sunde fan haitze holwerda

De sunde fan haitze holwerda




Ulbe van Houten

Dit boek spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. It akkordearret net tusken harren. Holwerda fynt de mannen te mûlryp en te selsbewust. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêr't de boer slach op slach yn ferliest. As it wurk earder dien is as foarsjoen jout er de Bilkerts dien, tsjin de ôfspraken yn. It konflikt rint heech op. By einsluten moat de greidboer belies jaan en komt er ta ynkear. Hy docht net allinne de arbeiders rjocht, mar fersoenet him ek mei syn God. Van Houten syn iennichste roman is in begryp yn de Fryske literatuer. It boek ferskynde foar it earst yn 1938 en belibbe in tsiende druk yn 1991. Dizze alfte printing is de werútjefte fan de njoggende printing út 1983. As men sjen litte wol dat net elke roman oer it boerelibben in `boereroman' yn de mispriizgjende sin fan it wurd hoecht te wêzen, kin men hast gjin better foarbyld neame as de `Sûnde'. Jan Wybenga yn de Leeuwarder Courant. Ik hie leaver hân dat Van Houten net in stumperige Haitze, mar in echte rotsak beskreaun hie, en dat er dy figuer net mei mylde humor, mar mei frettend sarkasme temjitte kommen wie. Doch, dat moat ik tajaan, `De sûnde' is troch it begekjen fan dy konservative opfattingen maatskippijkritysker as alle boereromans fan it foaroarlochske tiidrek. Trinus Riemersma yn De Kul (omstavere)

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




En dêr marsjearje ik hinne




Meindert Bylsma

Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa'n lyts mantsje, dy't op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden.

EPUB versie: ePub 2






Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Fabryk

Fabryk




Trinus Riemersma

Der is gjin Frysk boek dat sa'n lange en sa'n fûle diskusje losmakke hat as Fabryk (1964). Dêrby gong it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer. Ien fan de opfallendste eleminten yn Fabryk is it idee fan de ik-figuer om in died te stellen om dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt foar de Fryske Raskolnikow in obsesje, dêr't er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. It boek makket as gehiel in ambivalinte yndruk. Oan de iene kant is it leadswier, mar oan de oare krijt it faak krekt dêrtroch wat komysks. Boppedat kinne sênes mei stereotype ideeën ek lêzen wurde as uteringen fan de skriuwer syn nocht oan ûnnocht. Men wit wat dat oangiet net gau wêr't men mei him oan ta is.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Frijende kikkerts

Frijende kikkerts




Hylkje Goinga

Hylkje Goïnga fertelt yn Frijende kikkerts op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne. As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen oft syn hert noch wol foar har kloppet, lit hy har opnimme yn in ynrjochting. Troch it relaas dat sy oan de minsken fan de klinyk fertelt kriget de lêzer ynsjoch yn de foarskiednis en yn wat Martha besielet. Se fynt har selsbetrouwen werom en slagget deryn om fan him los te kommen. It boek ferskynde foar it earst yn 1986. Dizze tredde printinge is de werútjefte fan de twadde út 2010.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Griene simmer

Griene simmer




Bart Kingma

Luc Franken, krekt op frije fuotten kommen nei in ûnderstelde misdied, besiket syn libben op e nij stal te jaan. Dêrfoar moat er ôfrekkenje mei alles wat him foardien hat yn de jierren foar syn fêstsitten. In nije leafde mei in jonge studinte helpt him om yn de gaten te krijen wat der misgie, op de pleats, mei Lucs broer en syn frou, yn de leafde, en foaral mei Luc sels. Twivel tsjinoer trochpakken, skuld en boete, wierheid boppe werklikheid, winners en ferliezers. Dit alles yn in dekor fan iensumens, stilte en soms treastjaande natuer oan de seedyk yn it noardwesten fan Fryslân. Bart Kingma (1970) debutearret mei dizze roman, nei jierrenlang aktyf west te hawwen as televyzjemakker en skriuwer fan senarios, teksten en oersettings yn it Frysk en Nederlânsk.

EPUB versie: ePub 2






Euro 12.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Hauk en hazze

Hauk en hazze




Wilco Berga

In man fan hast fjirtich giet út Amsterdam werom nei Fryslân en set him nei wenjen op in pleatske oan de Sleattemermar. Hy wit eins net wat er wol. Hy skriuwt brieven oan froulju, oan Groesjenka foaral, in Russyske dy't er yn Ruslân moete hat. En dêr is Geke, it buorfamke fan tolve mei wa't er in soad oplûkt en it boek De vlucht van de havik lêst. As Groesjenka, dy't twa jier neat fan har hearre litten hat, nei Nederlân komt, lit Geke har net mear sjen. Mar wol fine Groesjenka en de man hieltyd deade fûgels op it hiem. Hy hat wol in fermoeden fan wa't dy ôfkomstich binne. It boek waard yn 1996 bekroand mei de Fedde Schurerpriis, de debútpriis fan de Provinsje. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1993. Berga is erin geslaagd een gave novelle te schrijven, vol ingehouden spanning, over een volkomen natuurlijke vriendschap tussen een man en een meisje. Jelle van der Meulen op syn Friese Literatuursite Hauk en hazze is in libbenswaarm ferhaal, ynhâlden skreaun, sûnder sentimintele effekten en prachtich fan sfear. Piter Terpstra yn De Strikel Yn syn jonge jierren kriget de haadpersoan fan Hauk en hazze te hearren dat er earst mar immen wêze moat as er meiprate wol. Immen - en dus net nimmen - wêze, sa soe it tema fan Berga syn nijste literêr produkt omskreaun wurde kinne. Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Imitaasjelear

Imitaasjelear




Jitske Bilker

Anke Stevens is yn in beskerme milieu grutbrocht dêr't it kristlik leauwe it fûnemint is fan it bestean. Se wol har net deljaan ûnder it gesach fan har âlden en ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet skuort se har los út in fermidden fol beheinings. Op har reis nei folwoeksenens lit se in spoar fan mislearre relaasjes nei. Se wit net hoe't se har bine moat en flechtet fan de iene relaasje yn de oare. Se brekt net allinne mei thús mar letter ek mei har âlde freonen. Se komt úteinlik sels ta de ûntdekking dat se mei Margreet brekke moat. Jetske Bilker hat foar har debútroman in nijsgjirrige struktuer keazen, mei in ferdieling yn twa parten, wêrby't it twadde part in soarte fan spegeling foarmet fan it earste. Se krige yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar Imitaasjelear. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1988. Imitaasjelear bringt de iensumheid, doelleazens en ûnwissens fan in opgroeiend famke tige skerp oer. Jitske Kingma yn Trotwaer Jetske Bilker skriuwt goed, soms mei humor en snedige waarnimming. Anne Wadman yn Frysk en Frij Jetske Bilker is bysûnder goed yn de beskriuwing fan de gewoane deistige dingen, sûnder dêrmei yn it nearzige realisme te ferfallen dat sa faak it skaaimerk is fan jonge Fryske skriuwers Jelma Sytske Knol yn Hjir

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




In fatsoenlik famke

In fatsoenlik famke




Ypk fan der Fear

Dit boek is de postúm ferskynde autobiografy fan Ypk fan der Fear. De skriuwster sjocht werom op de earste tweintich jier fan har libben. Se groeit op yn in boerehúshâlding en giet nei in kristlike legere skoalle op fiif kertier rinnen. Op de kweekskoalle skriuwt se har earste Fryske sketsen. Se fynt dêrnei al gau in baan as ûnderwizeres, giet op Fryske les en hat belangstelling foar de Fryske beweging. As har freondinne komt te ferstjerren, beseft se dat har fammetiid foarby is. Ferskate figueren út de boeken fan Ypk fan der Fear binne basearre op persoanen út har jeugd. Dêrom is Fan der Fear har autobiografy benammen nijsgjirrich foar de leafhawwers en kenners fan it fiksjonele wurk fan de skriuwster. Dizze printing is de werútjefte fan de earste printing út 1984. Mei in foar Fryslân seldsume iepenhertigens en earlikens stalt se de feiten, wjerfarren, de aventoeren en uterlike sawol as ynderlike ynfloeden út fan har earste tweintich libbensjierren. Jo Smit yn De Strikel Ik soe yn de Fryske literatuer gjin oare autobiografyen neame kinne dêr't de auteur him/har sa ûnberongen yn priisjout as Ypk fan der Fear it docht yn harres. Freark Dam yn de Leeuwarder Courant In ferhelderjend boek oer de tiid fan doe en ûnder hokker omstannichheden men doe grut wurde moast, sûnder mei de blynkape op troch it libben gean te wollen. Jan van der Veer yn de Balkster Courant

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




It libben sels

It libben sels




Piter Boersma

It libben sels giet oer it mislearjen fan it houlik fan de ferteller en Dette. It is de fyfde kear al dat him in houlik misrint. Yn 'e rin fan it boek wurdt dúdlik dat soks elke kear syn eigen skuld west hat, om't hy mear oan seks as oan syn froulju hinget. Elke kear as de schwung derút rekket, siket de ferteller in útwei. Hy jout yn koarte oant tige koarte haadstikken in byld fan syn libben, bytiden absurd en hilarysk. De tsjoen by it lêzen fan de tekst ûntstiet net trochdat in plot ôftriedde wurdt, mar trochdat de lêzer in hyltyd folsleiner mozayk-byld kriget fan de haadpersoan. De styl fan skriuwen is sûnder omballingen, abrupt en faak poëtysk. Foar dit boek krige Piter Boersma yn 1998 de Gysbert Japicxpriis. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1997. It libben sels ropt fragen by de lêzer op en dat is net in lytse fertsjinste. Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch Dagblad As It libben sels it lêzen wurdich is, dan sit him dat net yn it ferhaal, mar yn it fertellen. [-] It is de foarm fan It libben sels dy't it boek syn wichtichste wearde jout. It sketst in byld fan de rike earmoed fan it hjoeddeiske belibjen. Wy tinke yn tûzenen bylden en skeppe dêrmei ús eigen hyltyd mear iendiminsjonale wrâld. Hylke Tromp yn Hjir

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Lofts, rjochts, lofts, rjochts!

Lofts, rjochts, lofts, rjochts!




Eric Hoekstra

Dan rattelet it hânfet fan e doar op en del. Desiderius hâldt de siken yn. De trein hat wylst aardich faasje mindere. Hy moat derút eart se him yn e kraach fetsje. Hy slacht mei in boartersguodpistoal it rút yn, faget de glêsdiggels út e sponning. Allegear stedsljocht blikkeret him temjitte, de treasteleaze wenkazernes fan Rotterdam Alexander. Efter him heart er kaaien, gerattel. Hy sit al op e râne, ree en spring, as in knûstige hân him by it nekfel kriget: - Ik soe it net dwaan as ik jo wie. Lofts rjochts lofts rjochts! Sa marsjeart it leger en sa marsjeart de polityk. En dy hiene yn Afghanistan fan alles mei-inoar te krijen. Yn dit nijste aventoer fan Desiderius komt de ûnderste stien boppe as ús held ronsele wurdt en yn it Nederlânske leger yn Afghanistan bedarret. Hy wurdt finzen nommen troch de Taliban en belibbet in protte eksoatyske aventoeren. Mar ein goed al goed. Warskôging: yn dizze skelmeroman komt ek in sekssêne foar, dus inkeld foar 18 jier en âlder.

EPUB versie: ePub 2






Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




Minskrotten - rotminsken

Minskrotten - rotminsken




Trinus Riemersma

Minskrotten-Rotminsken is it meast aparte en fernijende boek dat Riemersma oan de Fryske Iiteratuer bydroegen hat. Hy hat syn nocht fan de roman, hy wol net langer de slaaf fan it ferhaal weze en dêrom siket er it yn spontane ynfallen en oprispingen. Mar de rotten meitsje har baas en soargje derfoar dat der dochs in ferhaal yn it boek komt.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Reade snie en swarte hagelstiennen




Josse de Haan

Fan jongsôf hie myn eks - it superreptyl haw ik him foar mysels neamd, yn it ferlingde fan it aartsreptyl, ús heit - in heel goed kontakt mei ús dochter. Ik minder. Sa't ik net mei ús mem opsjitte koe, omdat se in sloof en in trut wie, sa hie myn dochter altyd rûzje mei my. Doe't se opgroeide. Se fûn har heit ynteressant, want dat wie in skilder. Ik wie yn har eagen helendal neat. Foar de haadpersoan yn dit boek binne manlju allegear reptilen. En der is mar ien manear om der mei om te gean: dwaan as rekket it je net, mar yntusken stadich fergif struie. Dat is better as deastekke, of yn ien kear fergiftigje en it wurket effisjinter. De frou dy't hjir har monolooch hâldt is dêr in master yn wurden. En al liket har itselde te oerkommen as har mem: brûkt wurde troch in man dy't oare wiven pakt, úteinlik wint sy. Foardat har man it troch hat, rekket er alles kwyt, krekt sa't de froulju yn dit boek alles kwyt rekken, sels harsels. Yn dizze novelle fertelt se har ferhaal. Oer de minne jierren, it tekoart oan jild, de fernederingen, de hypokrysy. En... oer de wraak. Josse de Haan hat mei dizze novelle in nij sjenre oan syn al breed literêr palet tafoege: in alternative boerestedsroman yn monoloochfoarm.

EPUB versie: ePub 2






Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Shit my mar lek

Shit my mar lek




Meindert Bylsma

Trije wat âldere manlju wurde op ferskillende plakken dea oantroffen. De plysje besiket út te finen wêromt se `lek sketten binne. In sitaat by it finen fan ien fan de manlju: `Selsmoard, dat hie it moaiste west, dat joech minder rompslomp... Mar ja dat kaam net yn de beneaming. Is it boek in misdieroman? Dat soe sa mar kinne. In oar ferhaal begjint mei: Der wie ris in lân dat Dellân hjitte. Krekt as yn in mearke. In mearkeboek? Dat soe ek kinne fansels. Troch it ramtferhaal binne allegearre oare ferhalen frissele dyt de lêzer geregeldwei op e doele bringe. It sintrale tema dat de skriuwer oansnijt is de `minne situaasje fan it Frysk. Hy is der op in seldsume wize yn slagge de toan licht te hâlden, of is dat mar skyn? Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1998. In wûnderlik ludyk boek, fol mei yn parabels en ferhalen ferpakte krityk, mar tagelyk iroanysk en humoristysk. Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant Alles yn dit boek, fan mearke oant misdie, hat te krijen mei de delgong en de driigjende ûndergong fan it Frysk. Sjoerd Bottema yn Trotwaer Dit boek is dúdlik in gefal fan literêr eksperimint: alles is tastien. Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch Dagblad Meindert Bylsma (1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns. Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst.

EPUB versie: ePub 2






Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Simmer

Simmer




Nyckle J. Haisma

Foar Aent Obma, boeresoan en opgroeid op de famyljepleats oan it Dokkumer Djip, is Fryslân yn syn jonge jierren te lyts. Hy swalket de hiele wrâld oer en fia Amearika bedarret er yn Ynje. Pleage troch ûnwennigens komt er nei in fearnsieu in simmer lang werom yn it Heitelân. Aent fynt byld en wêzen fan Fryslân en benammen fan it boerelibben út syn jeugd werom, sa't dy yn syn dreamen, de lange jierren om utens, fêstset en idealisearre binne. De novelle Simmer ferskynde earst trije jier nei de dea fan Nyckle Haisma yn it literêre tydskrift De Tsjerne. By gelegenheid fan de Fryske Boekewike 1948 waard it útjûn as boekewikegeskink. Yn itselde jier krige de skriuwer foar Simmer postúm de Gysbert Japicxpriis. Hy wie de twadde auteur dy't de priis krige. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1948. Nettsjinsteande syn altemets kosmopolityske ynslach soe it Haisma nea net slagje om him oan tsjoen en byld fan Fryslân te ûntwinen. Klaes Dykstra yn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer Haisma hat hast deselde jefte as Obe Postma. Mei it bleate neamen fan 'e dingen kin er stimming oproppe. Ype Poortinga yn Frysk en Frij Hoe blijkt ook uit het bekroonde werk Simmer de diepe liefde voor Friesland van hem, die is heengegaan in de zomer van zijn leven, dat nog zoveel verwachtingen inhield voor de toekomst. By de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 5.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Sunder garansje

Sunder garansje




Froukje Annema

Froukje Annema beskriuwt yn Sûnder garânsje it oangripende ferhaal fan Hilda, in frou yn de fjirtich, dy't samar fan in sûn minske in kankerpasjint wurdt as by har boarstkanker konstatearre wurdt. De dokters kinne gjin garânsje op genêzing jaan mar ferklearje har oan de ein wol better. It ferhaal wurdt ôfwikelse troch in twadde ferhaalline. Hilda's njoggentjinjierrige dochter Selma wurket op in kantoar en hat temûk in relaasje mei in troude, âldere kollega. Hilda fielt dat der wat mei har dochter oan 'e hân is. Pas as de affêre achter de rêch is en Hilda genêzen, komme, op de lêste bledside, mem en dochter wer byinoar. Dizze fjirde printing is de werútjefte fan de tredde printing út 1999, mei in neiwurd fan Jelma Knol. De lêzer sil it ferrin fan Hilda har sykte en it geastlik ferwurkjen dêrfan mei spanning en meifielen folgje. Wat hja dêrby fan sibben, freonen en frjemden oan stipe of tsjinstân ûnderfynt, wurdt gauris net sûnder humor en libbensecht ferteld. Freark Dam yn Frysk en Frij Doe't ik it ferhaal sân jier lyn lies wie ik al rekke troch de autintisiteit en lêsberens, no by de tredde printinge is dat fansels noch de helte mear it gefal. It minsklike ferhaal oer it libben fan in kankerpasjinte, skreaun troch ien dy't wist wat it betsjutte om sûnder garânsje fierder te moatten, is de grutste wearde fan dizze roman. Henk van der Veer yn Trotwaer

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Swarte ingels

Swarte ingels




Willem Schoorstra

Hilbrand en syn suske Fardou wenje wat isolearre op in pleats bûtenút. Har heit wol dat se mei sport grutbrocht wurde, har mem set se op it spoar fan de literatuer. It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand. Heit en mem ha in minne relaasje en hy ûntdekt dat heit mei oare froulju omslacht. Sels rekket er fereale op syn suske. Hy pakt der mei om en kin neat skine litte. Allinne syn pake, dy't net mear prate kin, fertelt er it oan. As Fardou troch in tafal te witten komt wat hy foar har fielt, krije se in ferhâlding. De relaasje kin net geheim bliuwe en kriget in dramatyske ein. It ferhaal fan dizze ûnmooglike leafde spilet him ôf tsjin it treflik oproppen dekor fan de jeugdkultuer fan de santiger jierren. Swarte ingels kaam út yn 2004 en waard in jier letter bekroand mei de Fedde Schurerpriis, debútpriis fan de Provinsje Fryslân. In oersetting troch de auteur sels ferskynde ûnder de titel Zwarte engelen. De sjuery fan de Fedde Schurerpriis: `Fardou behearsket de sirtuaasje en Hilbrand lit him meislepe en is faak eangstich. Dy rolferdieling draacht tige by oan de kwaliteit fan de roman. (...) Yn psychologyske sin wurde Fardou en Hilbrand oertsjûgjend delset en de lêzer kin der in hiel ein yn meigean, hoe aaklik it ek is. Fan it begjin ôf leit der in `doem' oer it ferhaal, mar de útwurking is nuansearre, iepen en jout romte. (...) Wat de styl oangiet, Willem Schoorstra hat in grutte taalmacht en is in rasferteller. Hy skriuwt mei gong, effektyf, byldzjend, somtiden lyrysk, somtiden ek smaaklik.' In werútjefte fan Swarte ingels ferskynde yn 2010 yn de rige `Nije biblioteek'. Yn febrewaris en maart 2011 stie de titel sintraal yn de lêsbefoarderingsaksje `Fryslân lêst syn toppers'. Der kaam in nije edysje fan it boek, mei lytse korreksjes. Dizze útjefte is de fjirde edysje.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Ta him dyn begearte

Ta him dyn begearte




Ypk fan der Fear

Ta him dyn begearte jout it ferhaal fan Hylck, dochter fan in earme feantersfamylje fan de Kúnder. Hja wurdt as faam útbestege op Stoffelsma's pleats yn Gaasterlân. Boer Barre Stoffelsma ferballet de leafdesrelaasje tusken Hylck en syn soan Siertsje. Hy twingt Siertsje ta in houlik mei Hinke, in frou út in ryk boerelaach, mar mei in miswoeksen lea. Hylck moat fierder mei de boerefeint Gerke foar wa't se gjin leafde opbringe kin. Hylck bliuwt in bûtensteander yn de mienskip. Ta him dyn begearte wie de earste fan in rige romans dy't Lipkje Post-Beuckens skreau ûnder it pseudonym Ypk fan der Fear. It boek tsjûget fan har grutte leafde foar Gaasterlân. Dizze útjefte is de werútjefte fan de fjirde printing út 1999. It neiwurd is fan Ph.H. Breuker. De skriuwster ropt de elemintêre macht fan de ierde en de geast fan it lân sels op, dy't dit folk beynfloedzje en behearskje. It drama fan de natuer is ûnferbrutsen ferbûn mei it drama fan de minsken. Inne de Jong yn de Stim Fan der Fear makket Hylck har konkurrinte Hinke, in ferwoeksen frommeske, likegoed ta slachtoffer fan de hurde wetten fan de wrâld. Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant Ypk fan der Fear skrillet net tebek foar it rikken nei de heechste ekstase en it delgean yn de djipste ôfgrûn fan fertwifeling by har haadpersoanen. Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De frou yn 'e flesse

De frou yn 'e flesse




Anne Wadman

Yn De frou yn 'e flesse, Wadman syn fyftjinde roman, foarmet foar it earst in middelskoalle de eftergrûn fan it ferhaal. Sintraal steane Janneke Brouwer, in learares fan fiifentritich jier, in oankommend Frysk skriuwster, en Joop alias Jip Koster, in eineksamenkandidaat fan njoggentjin. Jip hat oare takomstplannen as wat syn heit, in ferneamd musikus, mei him foar hat. Janneke en Jip skriuwe om en om in haadstik, Janneke yn it Frysk yn har oantekenboek, Jip yn it Nederlânsk yn brieven oan syn mem yn it bûtelân. Op 'e eftergrûn spylje behalve de heit ek oaren in rol, bygelyks Jip syn mem en Janneke har freondinne, de lesbiennne Justine. Allegear krije se yn it jier dat de roman beslacht in krisis yn har bestean te ferwurkjen. Ek it lot fan de Fryske taal komt yn dizze roman op it aljemint. Wat de literêre foarm oangiet, siket de skriuwer yn dizze roman nei nije wegen. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste út 1988. Wa't der gjin parody yn sjen kin, of wol, op it modieuze sjenre fan de `skoalleroman' ('t Hart, Siebelink, Abma) kin it boek ek lêze as it boeiende ferslach fan in frou op in kearpunt yn har libben: yn de flesse sitten bliuwe of derút. Tsjerk Veenstra yn Frysk en Frij Yn de roman lit Wadman wer ris sjen dat er in fakman is. Rients de Boer yn it Friesch Dagblad

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




In bolle yn 'e reak

In bolle yn 'e reak




Anne Wadman

Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn 'e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa't de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes. Op 'e eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch Martensma. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne. Dizze tredde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1986. Lês it boek, soe ik sizze wolle, keapje it en jou it ek de jongerein yn hannen. Net iens om't se dêr goed Frysk yn oantreffe, mar om't it in sjenwize jout op it ferline en op minsklike ferhâldingen yn it algemien. Wadman toant him mei dit boek in betûfte romancier, in fakman. Jo Smit yn Frysk en Frij De tsjinstelling goed/fout wurdt troch Wadman yn dit boek gâns relativearre, al bliuwt it nazy-wêzen in kwestje fan dommens, sleauwens en oerflakkichheid. Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De smearlappen

De smearlappen




Anne Wadman

De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy't langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in `gelearde boer', dy't hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy't mei har arkje yn de buert lizze foar baggerwurk. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap. Doe't De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor. De auteur skreau foar dy tiid frijmoedich en ûntheisterjend oer seks. It boek waard in bestseller en in Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna. Dizze sânde printing is de yntegrale werjefte fan de sechsde út 1983, mei ynbegryp fan de tekeningen dy't Gerrit Breteler op fersyk fan de auteur makke hat. Wat my it meast boeid hat by it op 'en nij lêzen fan De smearlappen is de styl fan skriuwen. Wadman hâldt konstant de gong deryn, mei in treflike ôfwikseling fan woede, fertriet, sarkasme, spot, selsspot, allegearre to the point ferwurde en krekt dosearre. Tiny Mulder oer de sechsde printing yn it Friesch Dagblad Eelkje is op syn minst fyftich prosint skuldich oan it drama en ik leau dat dat by Wadman it revolúsjonêre is, dat De smearlappen sa populêr makke hat. Eelkje is in geile boeredochter en dat mocht net yn de Fryske eroatyske tradysje (Kloosterman, Brolsma). Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 5.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Minskebern

Minskebern




Margryt Poortstra

Twa minskebern spylje yn dizze roman in grutte rol. Maart is oan e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan e ein en hielendal oan it begjin is har wrâld net grutter as it bêd dêrt se yn lizze. It boek is skreaun út it perspektyf fan Geke, dochter fan Maart en beppe fan Daan. Mei har twa susters ferwurket se de achterútgong fan har mem en fynt se hope yn it nije libben fan har bernsbern. De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 2008. Minskebern is in moai en ûntroerend boek. De styl doocht, it sykteproses is pynlik werkenber werjûn en it is foaral skreaun mei leafde foar in mem dyt ûndanks har ôftakeling as persoan rjocht oerein stean bliuwt. Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante `Margryt Poorstra set in alzheimerpasjint del mei in gewéldich ynlibbingsfermogen. [...] Wat bliuwt is in hele moaie beskriuwing dyt echt wol benearjend is mar oan de oare kant ek iepen. Moaie konklúzje: As wy akseptearje dat in lyts bern yn e broek poept en pisset, wêrom akseptearje wy dat net fan âlde minsken? Hele moaie gedachte... Klaas Jansma, `It lêsaventoer, Omrop Fryslân Margryt Poortstra (1953) waard grut yn Arum en wurket yn Ermelo yn de geastlike sûnenssoarch. Poortstra boude in omfangryk literêr oeuvre op fan romans, ferhalen en gedichten. Har wurk is subtyl, helder en sterk fan psychology. De haadpersonaazjes binne hast altyd froulju. Har lêste publikaasje is Kofje ferkeard út 2011.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 5.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal