e-books Fries

 | 

Literaire fictie

 | 

Poëzie







Fergut

Fergut




Guillaume le Clerc

Fergút is in Britse ridderroman, mei as haadpersoan in sljochtwei boerejonge, dyt úteinlik ridder wurdt. De tekst datearret út de twadde helte fan de 13de ieu. It is it súksesferhaal fan in soan fan boer Somilet en syn frou, dyt wòl fan adel is. De jonge, troch syn strange heit oan t wurk set efter de ploege, sjocht de jachtstoet fan de kening foarbygean. Dat makket yn him de winsk wekker om ek nei t hof ta. Hy ferpoft it swiere wurk langer en freget wapens. Syn heit, earst poer, jout ta, as syn mem foar him opkomt. Mei in rustige wapenrissing giet er op wei. Op syn hynder rydt er de grutte hofseal fan Artur yn en wurdt ta ridder slein. Hy kriget de drege opdracht de Swarte Ridder te ferslaan en in jachthoarn en in wale te heljen. Dat is de tradisjonele queeste (speurtocht). Fergút slacht oare oanfallers net dea, mar stjoert har nei Artur syn hof. Underweis moetet er de moaie Galine, in omkesizzer fan de slothear, dyt him gastfrij ûntfongen hie. Galine ûntflammet fuort yn leafde foar Fergút. Fergút is in fleurich, optimistysk boek yn geef, hjoeddeisk en linich Frysk oerset troch Klaas Bruinsma. It boek past yn in rige klassike middelnederlânske teksten, dêrt earder de folgjende útjeften yn ferskynden: Marike fan Nijmegen/Elkenien, Floaris en Blankefloar, de roman fan Walewein. Fan Bruinsma ferskynde by Elikser ek de oersetting De Striid tusken Froasken en Mûzen, in luftige parody op de Ilias fan Homerus. De boeken fan Bruinsma wurde goed ûntfongen, mei wurdearring foar syn rike taalskat en orizjinaliteit. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 7.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Midfrysk Goud



Mei dizze blomlêzing besykje ik ús perspektyf op Fryske literatuer yn de 17e iuw by te stjoeren. It byld sa't it no is, wurdt iensidich beskaat troch de reuzefiguer fan Gysbert Japicx. Syn wurk wurdt ferhearlike, net kritysk hifke, en it wurk fan in Van Hichtum wurdt sûnder fierdere analyze as ynferieur beskôge. Yn dizze blomlêzing behannelet Eric Hoekstra ûnder oaren ûndogenske lietsjes fan Giacomo Vredeman, it petear tusken mem en dochter oer de leafde yn Johan fan Hichtum syn Ansk en Houk, Deiboek en reis fan Jan van Vliet, De Sprekwurden fan Jurjen fan Burmania, de lyryske Gysbert Japicx en Gysbert Japicx as kristen en as kluchtige moralist. Alle stikke binne foarsjoen fan in ynlieding en sa nedich útlis. In fermaaklike, ferrassende en oansprekkende bondeling. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal