e-books Fries

 | 

Populaire fictie

 | 

Streek- en familieromans







Brekber

Brekber




Hilda Talsma

Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dyt se al har hiele libben kin en dêrt se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as dat se him jaan kin. As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêrt Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêrt se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp. Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêrt se it nei `t sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is dêrby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar de gefolgen. En dan komt se harsels goed tsjin. Hilda Talsma stiet bekend om har flotte en frisse skriuwstyl. Har boeken lûke in breed publyk. Earder skreau se de trilogy De twadde hûd, Flammen en It geloksbern. 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




De froulju fan de fetweider

De froulju fan de fetweider




Douwe Hermans Kiestra

Yn dizze boereroman út 1939 wurdt in fetweider delset dy't besiket syn lytse buorkerij en húshâlding fan frou en trije dochters yn bestjoer te hâlden. Dat slagget him mar amper, want de froulju dogge har eigen sin. It ferhaal folget it jier dat de trije fammen oan in man slagje. De âldste, Fokje, giet nei Hollân en ûntfangt dêr temûk har Fryske frijer Keimpe. Froukje rekket nei in dei op stap nei de TT yn Assen yn ferwachting fan buorman Sibbele, in rûge mar grutte boer. Hoewol't har âlden leaver in man mei in hegere funksje foar har hân hiene, trout se mei him. Geeske, de jongste, slagget oan in yntellektuele drompelsliper út de stêd, lid fan de NSB. Dizze roman hat bekendheid krigen yn de Fryske literatuer omdat der foar it earst iepentlik yn skreaun waard oer seks. De roman waard dêrneffens posityf ûntfongen, omdat de erotyk yn tsjinst stiet fan in fitale en natuerlike libbenshâlding. It ûntbrekken fan in dúdlike moraal docht modern oan. Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1993. It neiwurd is fan Tr. Riemersma. De kwaliteiten fan Kiestra as ferteller tille dit boek fier út boppe in gewoane boereroman. Yn de Leeuwarder Courant Kiestra is in tige wisse skriuwer dy't syn wurden as spikers yn it hout driuwt. Dat proaza is rjocht op 'e man ôf, in bytsje sarkastysk soms, en altiten fan in sterke kwaliteit. Yn it Bolswarder Nieuwsblad 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




It freark jabiks folk

It freark jabiks folk




Paulus Akkerman

Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy't dreame fan in better bestean. Frearkje, de âldste dochter, offeret har hiele libben op, earst foar heit en dan foar har jongste broer Teade. Mei him fart se jierrenlang op de âlde snikke. Ek stiet se noed foar Durkje, de jongste dochter. Hja is troud mei arbeider Auke dy't dreamt fan in eigen spultsje en hieltyd jild fan oaren nedich hat. Paulus Akkerman skreau dizze roman yn de oarlochsjierren, earst as fúljeton foar it tydskrift Yn ús eigen tael. Utjouwer Brandenburgh fan Snits publisearre it yn 1946 yn boekfoarm. Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1994. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga. Akkerman syn boek jout in staal fan ûndjip Frysk realisme, mar dat mei leafde en tagedienens de fynste brokjes fan it libben bepluzet... Anne Wadman yn de Tsjerne Troch de kostlike taal sjocht men hieltyd it glimkjen fan de skriuwer. Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant Paulus Akkerman wit syn persoanen ta libben te bringen en se prachtich te karakterisearjen. Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Kabel en Tou




Jan Schokker

Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei't syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde. Jelle is no direkteur fan it fabryk en liket fiergeande plannen mei it bedriuw te hawwen. Dat jout in protte ûnrêst ûnder it personiel. En giet it thús wol allegear sa't it moat? Abe fernimt dat Doet him noch net fergetten is. Hy komt foar nuvere ferrassingen te stean. En hy is net de iennichste dy't noch wat mei it ferline te ferrekkenjen hat. Jan Schokker hat in rige fan fiif flotte en fermaaklike misdiedromans skreaun. Dit boek is it earste yn in nij sjenre, yn deselde humoristyske styl. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Swart mar leaflik

Swart mar leaflik




Watse Cuperus

De roman Swart mar leaflik spilet oan 'e Fryske noardkust. Swarte Jantsje hat de minne eigenskippen fan har heit urven, mar ek de goede fan har mem. Har wize fan libjen falt ferkeard by de minsken om har hinne, mar se is sterk en moedich. It boek jout in goed byld fan in sletten mienskip yn 'e twadde helte fan de 19de ieu. De skriuwer wiist de maatskiplike misstannen oan as oarsaak fan it soms frijwat ûnotterdokse hâlden en dragen fan Swarte Jantsje. Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1998, mei in neiwurd fan T. Steenmeijer-Wielenga. Swart mar leaflik is net in klassyk literêr wurk, mar wol in populêr en aardich folksboek. Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant Cuperus was onder de schrijvers van het genre van de eenvoudige streekroman een van de besten. Tiny Mulder yn Literair kwartier fan de RONO 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Trude

Trude




Hoatse de Jong

Dizze roman fertelt oer tsien jier út it libben fan de prachtige blesfos Trude. It ferhaal einiget by de befrijing. In oarlochsboek is dit boek fan Hoatse de Jong net, mar it rekket de tastannen yn 'e besettingsjierren wol. Want de minsken om Trude hinne wurde ek beskreaun: de boer, in fûle nsb-er, en syn dochter, fereale op de feint dy't neat fan de Dútsers witte wol. Uteinlik wurdt de blesfos foardere trocht de besetter. Hoatse de Jong skriuwt yn geef folksaardich Frysk oer it boerewurk en boerelibben. De earste printing fan it boek ferskynde yn 1953. Dizze fyfte printing is in werútjefte fan de fjirde út 1994 yn de rige `Fryske Klassiken I', mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga. Wat de stof oanbelanget, is De Jong binnen de grinzen fan syn kennis en ûnderfining bleaun. En hy beskriuwt dat stik boere- en hynstelibben net allinne mei kennis fan saken, mar ek mei leafde. Net djip of grut, noch yn fûle spanning, mar dochs wol sa nijsgjirrich dat it de belangstelling oan de ein ta geande hâldt. E.B. Folkertsma yn De Tsjerne yn 1954 It opfallendste oan Trude is, tinkt my, it sykjen nei it arkadië, de lânsdouwe dêr't alles yn harmonije is. De Jong giet mei opsetsin de konflikten út 'e wei en lit yn Trude syn oanstriid ta moaiskriuwerij sjen. Yn it tekenjen fan leaflike lânskippen is De Jong in master. Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant yn 1994 

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Wyn fan feroaring

Wyn fan feroaring




Hilda Talsma

Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes... 

EPUB versie: ePub 2






Euro 7.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




It geloksbern

It geloksbern




Hilda Talsma

As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dyt noch net goed genêzen is. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim dyt like rau en rûch is as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôfhâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lykas altyd, it feest. Mei dit tredde diel oer Elske, Ronny en Betty slút Hilda Talsma dizze searje op in tige meinimmende wize ôf. Har flotte en humoristyske styl en de fanselssprekkende natuerlikens fan de haadpersoanen sprekke in breed publyk oan. In spannend boek, dêrt in protte yn bart. Boeiend fan begjin oant ein. Earder skreau Hilda Talsma De twadde hûd, wêrynt Ronny en Elske inoar nei jierren wer treffe. Yn Flammen stiet har houliksfeest sintraal. En yn dit tredde diel komme de ferskillende linen byinoar. 

EPUB versie: ePub 2






Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal