e-books Fries

 | 

Literaire fictie

 | 

Verhalenbundels







Foar de lins

Foar de lins




Paulus Akkerman

De ferhalen `Foar de lins fan Paulus Akkerman yn de `Sneon en Snein-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ôf oan - dat wie 9 oktober 1965 - in grut en tankber lêzerspublyk fûn. Net allinne de âlderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze ferhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein, want Akkerman is in smoute forteller en in skerpe opmerker, ek fan de moderne tiid. Paulus Akkerman nimt yn syn ferhalen de minske foar de lins. Benammen de lytse man, de ferhûddûke minske, dy't tamtearre en gnjirde wurdt troch de maatskippij, dy't te lider slein wurdt troch libben en lot, dy't net mear past yn `it systeem, dy't der oer rekket. It binne boer en arbeider, winkelman en skipper dy't it paad romje moatte foar sanearing, ruilferkaveling, krotopromming, yndustrialisaasje en útwreidingsplannen. Hy tekent dy minske op 'e drompel fan de âlde nei de nije tiid mei in skerp each foar it detail, mei in tûk ear foar it praat fan `gewoane minsken en mei in mylde, faken wat mankelike humor. De skilder P.H. van Asperen út Ljouwert hat sfear en toan fan Akkerman syn ferhalen tige goed oanfield en treflik fêstlein yn syn tekeningen. Hy is sels 73 jier en kin dus de tastannen en figueren, dy't Akkerman beskriuwt, út 'e pinne. Syn `Evert winkelman op it omslach is wol symboalysk foar de minsken, dy't yn dit boekje foar de lins lâns komme. Mei dizze kar hopet de Ljouwerter Krante de tûzenen lêzers fan `Foar de lins in deugd te dwaan en tagelyk in lyts minsklik dokumint to jaan fan in Fryslân, dat sa hurd oan it feroarjen is. Paulus Akkerman (1908 - 1982) groeide op yn in ienfâldich, grifformeard middenstânsmiljeu en wie bakker yn Marrum en kassier fan in bank op Skiermûntseach. Hy wie in tige populêre folksskriuwer en publisearre san tweintich romans en hûnderten sketsen, kursyfkes en koarte ferhalen. Yn 1971 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 7.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Hynstefigen

Hynstefigen




Hylkje Goinga

Hynstefigen ferskynde yn 1990 as fyfde ferhalebondel fan Hylkje Goïnga. Yn tsjinstelling ta de eardere bondels spilet Jaap, no har eks, yn Hynstefigen mar in lytse rol. It liket derop dat Martha foargoed mei him ôfrekkene hat. Martha is in frijsteande frou en makket by har freondinnen yn harren relaasjes mei wat sy sels achter de rêch hat. It titelferhaal is langer as trochstrings. Martha treft by see in hiel kreaze man, Rob. Se is fereale as in jong fanke; sa'n kreaze fint hat hja noch nea sjoen. Troch Rob wurdt Martha, dy't der net de minste euvelmoed yn hat, behelle yn in kriminele opset. Hynstefigen nimme dêr in bysûnder plak by yn. It ferhaal befettet deselde eleminten dy't ek yn de oare ferhalen foarkomme. Langstme nei de ideale man, nei leafde en tearens, en striid tsjin iensumens. In Nederlânske oersetting ferskynde ûnder de titel Paardevijgen. Dizze twadde printing is de werprinting fan de earste. Har manier fan skriuwen is pakkend, meinimmend en soms komysk. Dat dizze bondel fan de foarige ferskilt, dat is krekt de sterke side fan Hynstefigen. It docht it âlde net nochris oer, mar is in foarútgong yn it oeuvre fan Hylkje Goïnga. [...] as jo it my freegje, har bêste boek! Babs Gezelle Meerburg yn Frysk en Frij Goïnga hat mei dizze bondel âlderwetsk útpakt: it measte wurk is poerbêst. It hat boppedat - en dat jildt ek foar har eardere ferhalebondels - in frisse en woldiedige natuerlikheid. Jabik Veenbaas yn Hjir

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




In brulloft yn 'e Walden

In brulloft yn 'e Walden




Tjibbe Gearts van der Meulen

De bondel In brulloft yn de Wâlden is in kar út de bêste proazastikken fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en útjûn ta gelegenheid fan syn 150ste bertejier. Besoargers wiene Freark Dam en Ype Poortinga. Hja neamden him njonken Waling Dykstra de wichtichste folksskriuwer fan syn generaasje. Yn syn wiere ferhalen is de skriuwer neffens de besoargers op syn bêst. Hy jout ek in skat fan ynformaasje oer himsels en syn eigen geastlike ûntjouwing, mar benammen op it stik fan kultuerskiednis en folkskunde út de foarige ieu. Der sit aksje genôch yn, sels de `thriller'-eftige eleminten ûntbrekke net. Tsjibbe Gearts van der Meulen stie bekend as folksskriuwer. Fanwege syn ûnevenredige en ritige persoanlikheid kaam er as mins en as skriuwer gauris ferrassend út 'e hoeke. Hy hie in protte fantasy en humor. Syn wurk tsjûget fan in sjoernalistike ynslach en hy hat rûnom niget oan. It belang en de apartens fan wat er belibbet bringt er yn syn ferhalen oer. Gâns fan de ferskynsels en de geast fan de 19de ieu komt de lêzer út syn wurk temjitte. Wie Waling Dykstra besteklik en bestindich, Van der Meulen wyldseauwich en fantastysk en mei it hert op 'e tonge. Utersten, alle kanten oer, yn de ienheid fan in ferwûndere en opteine persoanlikheid. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1974. It boek is net omstavere.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Ut 'e underste lagen

Ut 'e underste lagen




S.K. Feitsma

Feitsma hie al aardich wat ferhalen en ferskes vn de folksaardige trant publyk makke, doe't er ûnder de tsjoen rekke fan it Naturalisme, in streaming dy't yn Frankrvk ûntstien wie en syn wei fûn hie nei Dútslân en Nederlân. It Naturalisme wol de wrâld mei `wittenskiplike' krektens útbyldzje: giin sedeprekerij, mar wierheid. Likemin as oare naturalistyske skriuwers bekroadet Feitsma him om de grinzen fan fatsoen en earberheid dy't earder vn 'e literatuer yn acht nommen waarden. De skriuwer mei neat ferhimmelje en fermoaikje, ek net as de earklikheid dy't er beskriuwt ôfstjittend is. Sa ûntstie in rige fan seis ferhalen oer lju `út 'e ûnderste lagen', minsken dy't fan earmoede de kruk fan 'e doar net fine kinne en dy't it mei de seden net altiten like nau nimme.

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




In delgeande tiid

In delgeande tiid




Willem Verf

In delgeande tiid is in bondel mei ferhalen oer de jongerein dy't as kânsearm, drop-outs of rânegroepjongeren typearre wurdt. De ferhalen spylje yn in minne tiid as benammen sokke jongeren yn in útsichtleaze situaasje bedarje, sawol finansjeel as sosjaal en maatskiplik. Troch harren problemen komme hja geregeldwei yn oanrekking mei de plysje. Foar de ferhalebondel krige Willem Verf de earste kear dat dy útrikt waard de provinsjale Fedde Schurerpriis foar debutanten. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1983. Willem Verf liket in `bliuwer' te wurden yn de rûnte fan Fryske auteurs. En ien mei in eigen plak (lofts fan 'e midden) dat er sels skjinmakket. Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de Leeuwarder Courant De persoanen yn In delgeande tiid binne gjin plastik poppen, nee, troch Verfs goede psychologyske tekeningen binne it libbene en realistyske persoanen wurden. Eeltsje Hettinga yn De Nije Dit is in boek om wiis mei te wêzen. Aardich is ek dat der foar de feroaring werris in Fryske literêre priis goed te plak komt. Trinus Riemersma yn De Kul (omstavere)

EPUB versie: ePub 2




geen inkijk exemplaar beschikbaar



Euro 6.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Stjerrebarrewier

Stjerrebarrewier




Henk Steegstra

12 korte verhaaltjes in het Fries door Henk Steegstra








Euro 7.99


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal