e-books Fries

 | 

Literaire fictie

 | 

Vertaalde literaire roman, novelle







David Copperfield

David Copperfield




Charles Dickens

DAVID COPPERFIELD (1850) is mij fan al myn boeken it dierberst, skreau Charles Dickens sels (1812-1870). Dat hat grif te krijen mei syn eigen bernetiid, doe’t er him, krekt as syn haadpersoan David, as lyts jonkje ferret fielde troch de folwoeksenen, dy’t him beskermje moasten, mar dat net dienen. David Copperfield is in typys boek út dy tiid, mei in bûnte samling persoanen. De strange ûngefoelige styfheit Murdstone, mar ek David syn ienfâldige bernefaam Peggotty, dy’t him har hiele libben trou bliuwt. De rike, flotte en yn it earste oankommen sympatike Steerforth, dy’t David as jongste learling op de kostskoalle ûnder syn hoede nimt, mar dy’t (wat David pas folle letter sjocht) folslein egosintrys is en oare minsken brûkt en misbrûkt. De eksintrike âldmuoike, juffer Betsey Trotwood, dy’t David letter ûnder har hoede nimt, sa’t sij ek ‘menear Dick’ ûnder har hoede nommen hat, en dêrmei rêdt fan opsluting yn it kranksinnigegesticht. Ien fan de grutste smychten fan de 19e ieu, de altyd ‘nederige’ Uriah Heep, dy fluenske fraudeur en oplichter. De meast útwrydske persoan is de deftich pratende healwize, mar toch sympatike Wilkins Micawber (baseard op Dickens syn eigen heit), de erflik yn skulden sittende, blykber foar neat dogende heit fan fjouwer bern, dy’t djip yn ’e lytse loege sittend altyd binnen de minút ien fan de meast optimistise minsken op ierde wurde kin – en oarsom. En dan de ‘lytse Em’ly’, ferlieden troch Steerforth, dy’t as ‘fallen frou’ de ferskoveling fan de mienskip wurdt, mar troch dy oare styfheit, de broer fan Peggotty, noait opjûn wurdt. En dy earme Dora, earste frou fan David, sa kreas, sa leaf, sa nayf en sa wrâldfrjemd. En fansels David Copperfield, as tsienjierrich jonkje de hurde wrâld ynskopt, dy’t út syn geastdeadzjend wurk fuortrint en te foet fan Londen nei Dover reizget, nei syn âldmuoike, om har beskerming te freegjen, mar dy’t ek in oare lange reis ôflizze moat om lang om let ta selskennis te kommen, om einliks te beseffen watfoar frou werklik al dy tiid echt fan him holden hat: de rêstige, serene en harsels weisiferjende Agnes. Dit bekendste boek fan de 19e ieu giet oer ferrie fan fertrouwen, it ûnthâlden fan leafde, it misbrûken fan macht oer swakkeren. Mar ek oer in sterkere macht, de macht fan suverens fan motiven en betingstloaze tawijing, tagedienens en leafde, sa’t wij dy sjogge yn de ûnferjitlike bernefaam Clara Peggotty, de âldmuoike Betsey Trotwood, de styfheit fan Em’ly, en David syn skoalkammeraat Tommy Traddles. En, yn de wurden fan Dickens sels: hoe kinne wij leare fan de earste ferkearde ynjouwingen fan ús ûnbelearde hart? In ûnferjitlik boek.

EPUB versie: ePub 2






Euro 14.95


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De fal fan Camelot

De fal fan Camelot




Alfred Lord Tennyson

DE FAL FAN CAMELOT is in syklus fan tolf ferheljende gedichten. Tennyson beskriuwt hjiryn it ferhaal fan Kening Artur, syn ridders, de Rûne Tafel en de bruorskip fan dy Tafel, syn houlik mei Ginevra (Guinevere), har leafde foar Lanselot, en de úteinlike fal fan Artur syn keninkryk. De persoan fan Artur giet mooglik werom op in lieder fan de kristlike Kelten, dyt om it jier 520 de ferovering fan de eardere Romeinske provinsje Britannia troch de heidenske Angelen en Saksen, en grif ek in tal Friezen, tydlik tsjinhold. Camelot, de stêd mei syn paleis, stiet foar in besykjen om in beskaving te stichtsjen, dyt basearre is op oarder en gesach, trou oan de lieder, it neikommen fan eden en beloften, rjocht foar elk, beskerming fan de swakkeren, hoflikens en respekt foar de oar koartsein: it stribjen om de minsk te ferheffen boppe it dierlike, it wetteleaze, it gaotyske, de macht fan de sterkste. Artur syn ryk is basearre op hege idealen, mar sels yn Camelot loert de slange fan ûntrou, jaloerskens en ferrie, dyt úteinlik Artur fataal wurdt. Mar nêst dy mislearring is der ek hoop: ienris komt Artur werom om opnij syn ryk te stichtsjen.

EPUB versie: ePub 2






Euro 14.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De griene ierde

De griene ierde




Frederick Manfred

Free stie op it punt de melkamers te heljen fan it droechrak bij de hikke, doet er ynienen yn it hûs achter him muzyk hearde. Hij harke, mei de hannen noch krekt net de amers reitsjend. Dat wie syn mem dyt yn de moaie keamer oargelspile. De snein wie syn mem har dei fan rêst, foarsafiert dat gong, en se besocht altyd om it hûs in pear oeren foar harsels te hawwen. Earst rûn se altyd troch it hûs hinne en wer, as sweefde se yn in droom, en seach dan nei al it wurk dat se dy wike dien krige hie, dingen streakjend dêrt se fan hold, de pendule, de dúdlike nerven fan de iken tafel, de lêste foto fan har heit, de o sa kreas-wite streekrjocht delhingjende oergerdinen. Dan gong se nei de moaie keamer, en loek de doar achter har ticht. Se stie dan even nei har bêste meubels te sjen, dyt opglommen yn it timpere brune ljocht, en rûn dan nei elk apart rút ta, dêrt se de gielbrune sinnegerdinen fan omheechloek, sadat it rôze skimerljocht nei binnen falle koe. Wat se it aldermeast leafhie, wie it âld oargel. It besnijde ikehout gloeide noch altyd as libbe it. Allinne de readplusen pedalen toanden slitaazje en wienen feal wurden. Even dêr steand mei in hân op har goudbrún hier, elk foarbijgeand momint yn harsels opsûgend, om dêr oan de lêste drip ta fan te genietsjen, flijde se harsels einliks op de oargelkruk del, en begûn se gjin frou of mem mear, mar in fan it parfum fan de prairieroas foarme geast stadich te spyljen. Free harke hoet se troch De Rots der Ieuwen, It Yngarjen fan de Skeaven, en Der wienen Njoggenennjoggentich Skiep hinne mimere. Dêrnei spile se Moai Ohio. Doet se bij it refrein kaam, begûn se te sjongen: `Driuwend op it wetter yn it moanneljocht. Green Earth, De griene ierde wurdt beskôge as it masterwurk fan Frederick Manfred. It boek beskriuwt it houlik fan syn âlden (1909) en de jeugd fan Alfred Alfredson en is suver folslein autobio¬grafys. Alfred (`Free neamd) is Manfred sels en foaral de mem wurdt hjir mei grutte waarme leafde tekene. It boek is, lykas al syn saneamde `farm novels, breed fan palet en episoadys fan opbou, mei in grutte oandacht en leafde foar it detail yn beskriuwingen. It giet oer in Fryske famylje, wêrynt Uncle Big John sit te lêzen yn Reamer en Sape fan Gysbert Japicx, en de pake (`Grampa) in buordsje oan de muorre hat mei de tekst `Sjuch, God is great en wy bigripe him net. It is in prachtige beskriuwing fan it plattelân fan `Siouxland, san foech hûndert jier lyn. It djippe simpele ortodokse kalvinisme, dat nei binnen ta san gefoel fan waarme burgenens jaan kin, wurdt hjir sûnder soerens beskreaun fia de figuer fan dy ûnferjitlike mem, wêrtroch dat nei binnen kearde kalvinisme yn leafdefolle herinnering, mar sûnder sentimintelens, o sa ierdsk en mei djip respekt delset wurdt. Frederick Feikema Manfred is yn 1912 geboaren as Frederick Feikema en wie de pakesizzer fan de Fryske lânferhuzer Feike Feikema V út Tsjom. Hy hat mear as 35 boeken skreaun, en hat neffens eigen sizzen ferskillende kearen nomineard west foar de Nobelpriis mar dy noait krigen. Wol is hij yn syn eigen streek noch altyd in begryp. Oersetter Geart fan der Mear hopet dat de Fryske lêzer fan hjoed-de-dei Manfred wurdearje sil om syn earlike, o sa krekte, meinimmende en tawijde beskriuwing fan it libben op it plattelân fan it stik Amearika dat oan him de namme Siouxland te tankjen hat.

EPUB versie: ePub 2






Euro 17.50


Voorraad: Direct te downloaden



Aantal  




De roman fan Walewein

De roman fan Walewein




Penninc

De held Walewein, de heit fan alle aventoeren en hoofse ridder oan it hof fan kening Artur, belibbet yn dizze midsieuske roman in suver ûneinige rige fan spannende foarfallen en barrens. Hy set útein om in magysk skaakspul foar de kening te bemasterjen en komt eintsjebeslút werom mei it skaakspul én mei in hertsfreondinne: Isabelle. Tuskentroch belibbet er fan alles, fan it ferslaan fan de Reade Ridder oant it rêden fan de foks Roges, dyt in betsjoende prins blykt te wêzen. Troch syn moed, syn hoflikheid, syn leauwe, en neisteleafde, berikt er wat ûnberikber like, wêrby de humor sa no en dan net ûntbrekt. Klaas Bruinsma brûkt syn talint as oersetter om dit skitterjende en meislepende Middelnederlânske ferhaal te fertellen yn de fertroude, waarme memmetaal, yn klankrike en suvere rimen. 10.203 fersen lang wit syn linich Frysk de midsieuske wrâld te kleurjen en De roman fan Walewein ek yn it heitelân it plak te jaan dat it fertsjinnet: in masterplak!

EPUB versie: ePub 2






Euro 15.00


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De tiidmasine

De tiidmasine




H.G. Wells

Herbert George Wells (1866-1946) wie in bysûnder produktyf skriuwer, en is hjoed-de-dei foaral bekend as de `heit fan de science fiction, tegearre mei Jules Verne. Mar hij skreau yn folle mear zjenres, yn romans oer syn eigen tiid, of spyljend yn it ferline, romans mei in polityk boadskip (hij wie sosjalist), en ek in koarte skiednis fan de wrâld, destiids in grut ferkeapsukses. Hjoed is er lykwols foaral noch bekend fanwege de science-fictionferhalen The War of the Worlds, (oer in ynvaazje fan Mars), The Time Machine (1895), The Invisible Man, en The Island of Doctor Moreau. De koarte roman, of miskien earder novelle, De Tiidmasine spilet yn it jier achthûndertentwatûzensânhûndertenien nei Kristus. De fierder net bij namme neamde `Tiidreizger komt telâne yn wat earst in loailekkerlân en paradys op ierde liket, in wrâld sûnder sykten en tekoart. Mar súntsjesoan iepenbieret him in oare wierheid

EPUB versie: ePub 2






Euro 7.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




In reis nei de moanne

In reis nei de moanne




Jules Verne

Jules Verne (1828–1905) is in wiid ferneamd skriuwer út 'e njoggentjende iuw. Yn syn romans nimt er syn lêzers mei op fiere reizen, dwers troch Afrika, oer de Russyske steppes, nei de Noardpoal of nei de djipten fan 'e oseaan. Jules Verne kombinearre spannende aventoeren mei boeiende beskriuwings fan lannen en folken. Klassikers as De la Terre à la Lune (In reis nei de moanne), Le Tour du monde en 80 jours (In wrâldreis yn 80 dagen) en Voyage au centre de la Terre (De reis nei it middelpunt fan 'e ierde) hawwe al in soad generaasjes fassinearre, en noch altyd foarmet it wurk fan Jules Verne in boarne fan ynspiraasje foar filmers, skriuwers en reklameburo's. Yn In reis nei de moanne beskriuwt Jules Verne hoe't in bemanne kûgel mei in gigantysk kanon nei de moanne ta sketten wurdt. Net earder yn de literatuerskiednis waarden de natuerkundige en technyske eftergrûnen fan sa'n reis sa sekuer beskreaun. Verne basearde him op aktuele kennis en rôp foar de berekkenings ferneamde wiskundigen te help. De la Terre à la Lune jout dêrtroch in goed byld fan de wittenskiplike stân fan saken yn 1865. De roman hat dan ek tige bydrûgen oan Jules Verne syn reputaasje as grûnlizzer fan de science fiction. Mar efter de wittenskiplike roman binne mear lagen te finen: it ferhaal kin ek lêzen wurde as in skerpe satire op 'e driuw ta dieden fan de Amerikanen en har militarisme. Dizze klassiker is no foar 't earst yn it Frysk útbrocht yn in yntegrale oersetting mei alle oarspronklike gravueres, guon sels yn kleur.

EPUB versie: ePub 2






Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




It geheim fan Lord Jim




Joseph Conrad

LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa'n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille. Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep mei de oaren al nêst it skip leit, en der ek noch in swiere tropise buoi driget, springt er toch. Suver sûnder it sels te wollen of te beseffen. Dy sprong bepaalt it fierdere ferrin fan syn libben. Want letter docht bliken dat dat skip, de Patna, wûnder boppe wûnder net sonken is, mar troch in Frânse kanûnearboat fûn en achterstefoaren nei Aden sleept is. Jim is de iennige dy't yn it besef fan syn fout de rjuchtsaak bijwenje wol. Hij ferliest úteinlik net inkeld syn stjurmansdiploma, mar folle slimmer noch: syn eargefoel. Hij hat fersomme te dwaan wat de mienskip fan him ferwachte. It boek It geheim fan Lord Jim is de spannende en skerpsinnige analyze fan hoe't Jim besiket om te gean mei dat foar him ferskriklike ferlies fan syn eargefoel. En hoe't er letter, as er fynt dat er de ferwachting fan de mienskip wér beskamme hat, der net foar weromskrillet om de uterste konsekwinsje te akseptearen. Lord Jim is yn 1965 ferfilme troch Richard Brooks, mei yn de haadrol Peter O'Toole.

EPUB versie: ePub 2






Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




Ridders fan de Rûne Tafel



Dit ferhaal is in oersetting fan de episoade Perchevael út de Haachse Lanselotkompilaasje. Lykwols spilet net Perseval in haadrol, mar earder Walewein. Perseval komt yn folle gefallen mar sydlings op it toaniel, meastentiids om Walewein of oare ridders út de swierrichheden te rêden. It ferhaal begjint mei in sêne oan it hôf fan kening Artur, dêr't de ridders mei-inoar oan de feestdis sitte, omt Perseval nei lange omswervingen wer weromkommen is. Wylst hja oan it iten binne komt der in tige ûneachlike frou yn en neamt de ridders in tal útdagings dêr't se reewillich op yn geane. Yn in sechstjintal episoades wurde de aventoeren beskreaun fan ûnder oaren mannen as Walewein, Iwain, Gariët, Kai, Agrawain, Grariët, Perseval sels en syn broer Aglawal. De ferteller wikselt de sênes ôf as yn in film, wêrtroch de lêzer in soart fan kaleidoskopysk oersjoch kriget fan wat der allegear bart. Op 't lêst moat Walewein yn in 'twakamp' tsjin twa sterke ridders fjochtsje. Wa soe winner wurde? Op 'e eftergrûn is hieltyd Perseval oanwêzich, dy't Walewein en oaren helpt yn tiden fan need. De episoade oer Perseval as ûnderdiel fan de Lanselotkompilaasje is in midsieusk ferhaal út it Europeesk taalgebiet, universeel erfguod, en heart as sadanich ta de wrâldliteratuer. It lêzen fan âlde folksferhalen wurket tige identiteitsfoarmend, benammen as dat bart yn de eigen taal. It filmyske aspekt fan dit ferhaal yn it bysûnder is oantreklik foar de jongerein. It rike en treflike Frysk fan Klaas Bruinsma makket it lêzen fan dizze op har sels al spannende en nijsgjirrige ferhalen ta in grut plezier en is ynstruktyf yn ferskate opsichten. Ridders fan de Rûne Tafel is opnij in geve oanwinst foar de Fryske bibleteek. Klaas Bruinsma (*Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen, ûnder oare Latyn, Gryks, Ingels, Frâns, Dúts, Spaans, mar ek teksten út it Middelnederlâns, sa as Perseval. Bruinsma syn grutte fertsjinste is dat hy tichte by de oarspronkelike tekst bliuwt, en tagelyk dêrby metrum en rym yn acht hâldt. Syn enoarme algemiene kennis, grutte wurdskat en sparkeljende wurdkar bliuwe ferbazen en hy is yn steat dêrmei de oandacht ta de ein fêst te hâlden. Bruinsma wurket "út leafde foar de taal en út idealisme foar Fryslân" (syn eigen wurden).

EPUB versie: ePub 3

Let op dit is een ePub3 e-book:
Dit e-book is alleen geschikt voor e-readers met geschikte software of Browser.
Uw e-reader of ander leesapparaat dient om te kunnen gaan met HTML5.

Lees hier meer over ePub3.
Indien u twijfelt of uw e-reader geschikt is voor ePub3 dan adviseren we om eerst een gratis ePub3 e-book te downloaden.
Een overzicht van enkele gratis ePub3 voorbeelden treft u hier aan.




Euro 8.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal  




De pest

De pest




Albert Camus

It ferhaal fan de Frânske skriuwer Albert Camus spilet yn de stêd Oran, doedestiids in koloanje fan Frankryk. Op in moarn stroffelet dokter Rieux oer in deade rôt. It bliuwt net by dy iene, se lizze oeral, yn de huzen en op 'e strjitte. Der komme hieltyd mear foar 't ljocht. Op 't lêst wurde de ynwenners fan de stêd troch hûnderten, sels tûzenen deade of krepearjende rotten bedrige. It duorret net lang of de minsken fiele har ek siik en stjerre. Der is gjin salve oan te striken: de pest is útbrutsen en nimt de foarm fan in earnstige epidemy oan. Wa't net siik is, ferliest wol immen en njonken de sykte hearsket eangst en klaustrofoby. De stêd wurdt fan de bûtenwrâld ôfsluten en minsken binne fan elkoar ôfhinklik.
Elk reagearret ferskillend. Guon lizze har del by har lot, oaren sykje skuld en wraak, wer oaren besykje mei ynmoed te fjochtsjen tsjin de grutte oermacht.

Dizze roman ferskynde foar it earst yn 1947 en droech by ta de nominaasje foar de Nobelpriis, dy't Camus yn 1957 krige. Hy lit sjen hoe't minsken ûnder ynfloed fan bûtengewoane omstannichheden reagearje en feroarje. Syt Palma hat dit masterwurk út de wrâldliteratuer yn eigentiids en meinimmend Frysk oerset.


EPUB versie: ePub 2






Euro 12.50


Voorraad: Direct te downloaden


Aantal